Bemanning

(Trochferwiisd fan Crew (bemanning))

In bemanning, of yn spesifike kontekst ek wol besetting, is it personiel fan in fartúch, fleantúch of fiertúch. Dêrmei wurdt bedoeld: de groep persoanen dy't wurket oan board fan in boat, skip, fleantúch of romtefartúch. De term wurdt ek wol brûkt foar de groep militêren dy't by de artillery in stik geskut of by de kavalery in tank betsjinje. De term 'bemanning' wurdt fierders ek brûkt yn de roeisport, dêr't de roeiers de bemanning foarmje, dy't laat wurdt troch de stjoerman.

De bemanning fan it ynternasjonaal romtestasjon ISS op 28 oktober 2009.

Oarspronklik is de term 'bemanning' ôfkomstich út de skipfeart. Nijmoadrige synonimen binne it Ingelske crew en it Frânske ekipaazje (fan equipage). Ferâldere termen binne skipsfolk en hens (in ferbastering fan it Ingelske hands; bekend fan 'e útdrukking "alle hens oan dek"). Kêst 1 fan 'e Nederlânske Seefeartbemanningswet definiëarret de bemanning fan in skip as "de persoanen dy't in skip bemanje mei ynbegryp fan 'e kaptein; de kaptein, de skipsofsieren, de skipsmaten en de oare opfarrenden dy't yn 'e meunsterrol neamd wurde moatte."[1]

Yn 'e regel hat in bemanning in hierargyske kommandostruktuer, mei in gesachfierder (de kaptein, skipper of piloat), dy't yn 'e mande mei in groep ofsieren lieding jout oan 'e ûnderhearrige bemanningsleden. Dy hierargyske kommandostruktuer jildt net allinnich op militêre far-, flean- en fiertugen, mar ek yn 'e boargerlike skip- en loftfeart. Faak wurdt sprutsen oer "de kaptein en syn bemanning", hoewol't de kaptein foar de wet ûnderdiel fan 'e bemanning útmakket. Faak wurde troch leden fan in bemanning unifoarmen droegen dy't de rangen fan de oangeande bemanningsleden oanjouwe. Passazjiers meitsje gjin diel út fan 'e bemanning.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Seefeartbemanningswet", op Overheid.nl

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.