Crista Moore (toanielaktrise)

Crista Moore (1972) is in Amerikaansk aktrise, sjongster en dûnseresse dy't bekendstiet om har toanielwurk op Broadway. Hja hat twaris nominearre west foar in Tony Award, de wichtichste Amerikaanske teäterpriis. Moore moat net betize wurde mei de pornoaktrise mei deselde namme.

Crista Moore
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Crista Moore
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1972
berteplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 1986 – no
offisjele webside
www.thecristamoore.com
Dizze side giet oer de toanielaktrise. Foar de pornoaktrise, sjoch: Crista Moore (pornografysk aktrise).

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Moore waard yn 1972 berne en sette har karriêre útein as balletdûnseresse, wêrby't se ferskate prizen wûn en stúdzjebeurzen taparte krige fan foaroansteande balletskoallen yn New York. Fanôf har fjirtjinde folge se in oplieding oan 'e American Ballet Theatre School, wêrfoar't se nei New York ta ferhuze en op keamers wenne. Se spile yn ferskate grutte balletfoarstellings as eftergrûndûnseresse, oant se har mei santjin jier mear besleat ta te lizzen op aktearjen.

Yn 1989 makke Moore har Broadway-debút yn 'e foarstelling Gypsy (oer de legindaryske Amerikaanske teäterartyste en stripper Gypsy Rose Lee), mei yn 'e haadrol Tyne Daly. Moore spile de rol fan Louise, wêrfoar't se yn 1990 har earste Tony-nominaasje krige. Yn 1996 sleepte se mei har rol as Susan Lawrence yn 'e musical Big in twadde nominaasje foar in Tony Award yn 'e wacht. Yn 2000 hie Moore in byrol yn it stik Waiting in the Wings fan skriuwer Noël Coward, wêryn't Lauren Bacall de haadrol spile. Fierders hie Moore yn 2004 ek in rol yn 'e Broadway-revival fan it stik Jumpers, fan toaniel- en senarioskriuwer Tom Stoppard.

Behalven op Broadway hat Moore ek yn in protte musicalproduksjes fan 'e New York City Opera spile. Sa hie se de titelrol yn Rodgers en Hammersteins Cinderella, dat basearre is op it mearke Jiskepûster. Dêrnjonken wie se ek yn ferskate off-Broadway-produksjes yn lytsere Newyorkske teäters te sjen. Op 'e tillefyzje hat se gastroltsjes fertolke yn 'e plysjesearje Law and Order: SVU en yn soapsearjes as All My Children en Days of Our Lives. Yn 2001 hie se in rol yn 'e film Storytelling, fan 'e ûnôfhinklike filmmakker Todd Solondz, dy't op it Ynternasjonale Filmfestival fan Cannes draaide.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.