Curtiss P-40

Curtiss P-40 Warhawk
Tomahawk / Kittyhawk
Curtiss P-40K Kittyhawk.jpg

Rol Jachtfleantúch
Makker Curtiss-Wright
Untwerper
Earste flecht 14 oktober 1938
Yn tsjinst 1940
Ut tsjinst 1958 (Brazylje)
Tal makke 13.738 (1939–1944 )
Grutste brûkers United States Army Air Forces, Royal Air Force, Royal Australian Air Force, Royal Canadian Air Force
Farianten

De Curtiss P-40 Warhawk wie in Amerikaansk jachtfleanmasine út de Twadde Wrâldoarloch. De Warhawk wie it standertjachtfleantúch fan de United States Army Air Forces (USAAF) doe't Japan yn desimber 1941 Pearl Harbor oanfoel.

P-40E's fan in opliedingsienheid fan de USAAF fan Randolph Field (San Antonio (Teksas)
Curtiss P-40E 3-view.svg

It prototype fleach foar 't earst yn 1938. De P-40 tsjinne oant de ein fan de oarloch, by leafst 28 lannen. Der waarden totaal 13.738 tastellen makke oant novimber 1944, in Buffalo, New York. It ûntwerp wie ôflaat fan de P-36 Hawk, sadat it tastel fluch yn produksje naam wurde koe. Yn de FSA waard it tastel Warhawk neamd, mar yn de Sovjet-Uny en it Feriene Keninkryk waard er mei Tomahawk of Kittyhawk (fan de ferzje P-40D ôf oan) oantsjut.

De P-40 waard net brûkt oan Jeropeeske front (útsein boppe de Middellânske See), mar safolste mear by de Noard-Afrikaanske fjildtocht en yn Azië. Hy waard brûkt as jager, eskortejager en jachtbommemiter. De Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger hie it type fan 1942 oant 1949 yn tsjinst.

Technyske feitenBewurkje

Feiten Curtiss P-40N
Lingte: 10,19 m
Fleugelspanwiidte: 11,40 m
Hichte: 3,76 m
Oandriuwing: ien V12-motor Allison V-1710-99 fan 895 kW (1.217 HK)
Heechste faasje: 560 km/o op 4.940 m
Klimfaasje: 11 m/sek.
Fleanberik: 1.200 km
Bemanning: 1 piloat
Tsjinstplafond: 9450 m
Gewicht leech: 2.815 kg
Maks. fleangewicht: 3.780 kg
Bewapening: seis Browning-MG AN/M2, .50 (12,7 mm), oant trije bommen fan 227 kg

Ferlykje meiBewurkje

Keppeling om utensBewurkje