Dûke (follybal)
follybal
Dûke is in term út it follybal. It is faak it lêste behelp om de bal fan de grûn te hâlden. De follyballer skowt himsels by it dûken oer de flier sa't de bal op in lege hichte noch om heech spile wurde kin. Trochgeans brûke de sporters dêrfoar knibbelbeskermers om der foar te soargen dat der gjin skaafwûnen komme. De dûk wurdt brûkt yn de ferdigening. In foarbyld fan in dûk is de pancake, dy't faak brûkt wurdt yn it sealfollybal. Soms kin it foarkomme dat de sporter twongen wurdt om it lichem fluch op de grûn falle te litten, om der sa foar te soargjen dat bal de grûn net rekket. Yn dat gefal makket in sporter gebrûk fan de spesifike roltechnyk, om sa de kâns op in blessuere sa lyts mooglik te hâlden.