Pancake
De pancake is in term út it follybal. De namme pancake komt út it Ingelsk en betsjut pankoek. Dy term wurdt brûkt wannear't de bal mei de rêch fan de hân spile wurdt wylst de hân plat, as in pankoek, op de grûn leit.
In pancake is in foarbyld fan it dûken yn it follybal. It wurdt dan ek faak sjoen as it lêste behelp om de bal fan de grûn te hâlden. De spiler dy't de bal ferdigenje moat, kin de normale ûnderhânske technyk net mear tapasse en brûkt dêrom in pancake om der foar te soargjen dat der fierder spile wurde kin.
Troch de hân plat op de grûn te lizzen makket de ferdigener gebrûk fan de hurdens fan de ûndergrûn, dêrtroch stuiteret de bal krekt sa heech as wannear't dy op de grûn komme soe. Mei dêrtroch is it foar in skiedsrjochter bytiden dreech te beoardieljen oft de bal de grûn wol of net rekke hat. Meastentiids is oan de rjochting dêr't de bal yn stuiteret te sjen oft de bal de grûn wol of net rekke hat.