Daan Hoeksema
Daniël (Daan) Hoeksema (Oldekerk, 11 april 1879 – Amsterdam, 4 jannewaris 1935) wie in Nederlânsk tekener.
Koart nei't er berne waard ferfear de húshâlding nei Roan dêr't heit bakker waard. Daan Hoeksema holp yn de winkel, mar folge ek lessen yn tekenjen op de jûnsskoalle fan Minerva, de akademy foar byldzjende keunsten yn Grins. Nei noch twa jier deiûnderwiis op dy akademy gie er yn 1901 nei de keunstniverheidsskoalle yn Amsterdam. Nei trije jier folge er ek in jûnsklasse oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten dêre.
Daan Hoeksema makke in protte wurk foar ornearre foar bern. Njonken yllustrator foar berneboeken wie er ien fan de earste striptekeners en reklametekeners fan Nederlân. Hy makke in protte advertinsjes en affysjes en hy wie boekbânûntwerper (sa ûntwurp er in soad boekbannen en omslaggen foar de Utjouwerij Bruorren E.& M. Cohen) en makke ferskaat oan reklame-útjeften wêr't de earste Flipje-útjeften by wiene.
Foarbylden fan syn wurk
bewurkje seksje- De leukste versjes uit de ouwe doos met krabbels van Vriend Daan (1925)
- De aloude Baker- en Kinderrijmen in Hokus Pokus Pas, 32 tooverplaatjes van Daan Hoeksema (1921)
- Teekenen zonder stift (mapke mei 100 figueren om te lizzen, 1932)
- Wat Daan Hoeksema als kleuter knutselde: Naar gegevens uit zijn oude plakschriften (1927)
- Kiekeboe
- Voor onze jeugd
- De avonturen van Flip en Flap (reklame fan Douwe Egberts, diel 4 o/m 6, 1924)
- In tal searjes fan de reklameboekjes foar Mij. De Betuwe:
- Flip en zijn vriendje Kangoe en Klaas
- Trijntje uit Volendam
- De avonturen van Knar en Knorrie Biggie
- De neef van Prikkebeen
- Getekende bordspellen: Het aloude Ganzenbord, De Aloude Zevenzak, Het spel van Klein Duimpje
- Foarplaten foar Lord Lister boekjes
Galery
bewurkje seksje-
De Gruyter's Cacao
-
Poster foar Simplex
-
Affysje: Burgers. Eerste Nederlandsche Rijwiel- en Machinefabriek v/h H. Burgers (Dimter)
-
Reklame Auping
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Daan Hoeksema fan Wikimedia Commons. |