Tredde Krúswyk

(Trochferwiisd fan Dadde Kruuswiek)

De Tredde Krúswyk (Stellingwerfsk en offisjeel: Dadde Kruuswiek) is in wyk yn de gemeente Eaststellingwerf. De feart rint fan Ravenswâld nei de Alfde Wyk. De wiken yn dit gebiet rinne oer it generaal fan noardeast-súdwest, de krúswiken steane dêr heaksk op, en rinne súdeast-noardwest. It wetter rint troch de Kompanjonsbosken. Sydwiken binne de Tredde Wyk oant en mei de Alfde Wyk.

De namme Dadde Kruuswiek jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Derde Kruiswijk.