Daka
Daka (ঢাকা, Dhākā; eartiids Dakka, Dacca) is de haadstêd fan Banglades. De stêd hat sa'n 12 miljoen ynwenners, dat it is de grutste stêd fan it lân (foar Chittagong en Khulna). Yn de agglomeraasje wenje wonen sa'n 12 miljoen minsken (1 jannewaris 2008). De stêd leit yn it distrikt Daka dat wer part is fan de difyzje Daka. Daka hat in âlde en in nije stêd.
Daka | ||
Lizzing fan Daka yn Bangledes | ||
Bestjoer | ||
Lân | Banglades | |
Provinsje | Dhaka bibhag | |
Distrikt | Dhaka zila | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 7.000.940(2008) | |
Oerflak | 304 km² | |
Befolkingsticht. | 23.029 / km² | |
Stêdekloft | 12.797.300 | |
Hichte | 4 m | |
Oar | ||
Stifting | 1608 | |
Tiidsône | BST (UTC+6) | |
Simmertiid | UTC+7 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee Daka |
Daka leit oan in sydtûke fan de rivier Dhaleswari, yn it hert fan it grutste jutegebiet fan de wrâld. It gebiet dêr omhinne is tige tichtbefolke, mei alle swierrichheden anneks, en wurdt faak rekke troch slimme oerstreamings feroarsake troch moessons. De trochsneed temperatuer is 25 °C.
Ut de skiednis
bewurkje seksjeDaka waard stifte yn de 10e iuw en wie fan 1608 oant 1704 de haadstêd fan Bengalen. Eardat Daka yn 1765 ûnder it bewâld fan it Feriene Keninkryk kaam, wie de stêd in hannelssintrum foar Britten, Frânsen en Nederlanners. Op 8 augustus 1874 waard de earste stien foar in wetterliedingnet lein.
De stêd telde yn 1881 79076 ynwenners; hast likefolle hindoes as moslims. Daka wie doestiids it wichtige hannelsplak foar rys út de delta, foar indigo en hout út Tippera en foar tee út Assam. Under Britsk bewâld wienen der in soad amtlike tsjinsten en skoallen festige yn Daka. Opfallend wie ek it oaljefantendepot dat dêr húsmanne. Yn 1905 waard Daka fannijs de haadstêd fan Bengalen om yn 1956 de haadstêd fan East-Pakistan te wurden.
Daka waard yn 1971 haadstêd fan Banglades doe't it lân ûnôfhinklik fan Pakistan waard. Oant 1982 waard de namme yn it Latynske alfabet stavere as Dacca.
Ynwennertal
bewurkje seksjeJier | Ynwennertal yn miljoenen: |
---|---|
1950 | 0,41 |
1960 | 0,69 |
1970 | 1,47 |
1980 | 3,25 |
1990 | 6,52 |
2000 | 10,15 |
2005 | 12,43 |
2010 | 14,62 |
2015 | 16,82 (prognoaze) |
Ekonomy
bewurkje seksjeDaka is it yndustrysintrum, ekonomysk- en bestjoerssintrum fan Banglades en is in hannelssintrum foar jute, oaljesiedden, sûker en tee. De meast wichtige produkten binne tekstyl (katoen) en jute-produkten. Ek rys-pellerijen binne fan belang. Daka is fermeamd om syn ambachtskeunst. It plak Narayanganj, 16 kilometer súdeastlik fan Daka, fungeart as haven foar de stêd.
De universiteit fan Daka yn de wyk Ramna waard op 1 july 1921 iepene. Ek de oare ûnderwiisynstellingen en lânbou-ûndersyksynstituten binne dêr festige.
Ferkear
bewurkje seksje- Benoarden Daka leit de ynternasjonale lofthaven Zia International Airport
- Riksja: de riksja is noch altyd in wichtich persoaneferfiermiddel yn Daka. Deis binne der sa'n 400.000 ryksjafytsers op paad (Rickshaw Capital of the World).
- Daka hat mear as ien haven ta syn foldwaan, poarten nei de Yndyske Oseaan
Religy
bewurkje seksjeDe befolking fan Daka is relatyf homogeen. It grutstepart heart ta de Islam, de measten fan har binne Soenniten. Dêr is in hindoeïstyske minderheid fan goed 10 % en in lyts oantal Boedisten en kristenen.