Daniël Livius de Kempenaer
Daniël Livius de Kempenaer (Ljouwert, 28 april 1713 - Den Bosch, 27 septimber 1772) wie grytman fan Lemsterlân fan 1752 oant 1772.
Daniël wie de jongste fan trettjin bern fan Danker de Kempenaer, Ried yn it Hof fan Fryslân en Romelia fan Andringa. Romelia wie de âldste dochter fan Tinco fan Andringa, grytman oer Lemsterlân.
Yn 1741 waard hy kaptein fan de ynfantery en yn 1745 ritmaster. Hy makke fjildtochten nei Dútslân, Brabân en Flaanderen en rekke dêrby twarris ferwûne.
Op 8 augustus 1752 waard De Kempenaer grytman fan Lemsterlân. Daniël troude yn juny 1754 mei Catharina Emants (De Haach, 1715), dochter fan Johan Emants, esssayeur fan de Generaliteitsmunten en Sara Maria van Bruijnesteijn, widdo fan Elias de Haze. Syn wenne doe yn it grytmanshûs Andringastate op De Lemmer.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|