Daniël Marot
Daniël Marot (Parys, 1661 - De Haach, 4 juny 1752) wie in Nederlânske graveur en arsjitekt. Marot is ek bekend fan syn 250 gravueres, dy't brûkt binne foar behang-, damast- en meubelûntwerpen.
BiografyBewurkje
Hy wie de soan fan de Frânske arsjitekt Jean Marot (1619-1679) en ien fan de Hugenoaten, dy't nei de opheffing fan it edikt fan Nantes nei De Republyk flechte. Marot kaam yn tsjinst fan kening-stedhâlder Willem III en de Fryske stedhâlders. Marot brocht de styl fan Loadewyk XIV nei Nederlân en Ingelân, en ûntwurp yn dizze styl ynterieurs foar gebouwen, sa as Hampton Court Palace (spegels, meubels, pronkbêden) en tunen, sa as dy fan Paleis It Loo en Watervliet yn Felsen-Noard.
Yn 1686 fêstige Marot him yn Den Haach, yn 1694 ferfarde er nei Londen, útnûge troch steedhâlder Willem III. Yn 1707 kocht er in hûs yn de Sint Antoniesbreestrjitte en tusken 1715 en 1747 hie er in hûs oan de Reguliersgreft. Fan 1720 ôf wenne er oan it Noardein 164. Dêr wenne Marot oant syn dea. De keuken en de tún binne oant no ta bewarre bleaun.
UntwerpenBewurkje
Marot is ûntwerper fan:
- Paleis It Oranjewâld
- steedhâlderlikje residinsje Ljouwert
- ferbou Princessehof
- Hûs Huguetan te Den Haach
- Hûs Schuylenburch te Den Haach
- de útwreiding fan it Alde Stedhûs fan Den Haach
- de tunen fan Kastiel Rosendael;
- it grêfmonumint fan Menno van Coehoorn;
- it grêfmonumint fan Hans Willem Bentinck yn de Herfoarme tsjerke Rhoon;
- Paleis Kneuterdijk;
- ferskate sealen fan Paleis Hûs te Bosk;
- it ynterieur fan de fergaderseal fan de Steaten-Generaal yn 1697, en de Trevesseal;
- in túnpaviljoen mei in ryk fersierd ynterieur efter Noordeinde 140, dat no as de Koepel fan Fagel bekend is en yn de tún fan Paleis Noordeinde stiet;
Oan Marot taskreaunBewurkje
- Hearengreft 475 te Amsterdam;
- it Van Brants-Rushofje (Nije Keizersgreft 28-44) (Amsterdam);
- de oranjery fan de Hortus botanicus Leien
- fergulde houten kearsekroan yn de Grutte of Sint-Michaelstsjerke yn Swol.
Keppeling om utensBewurkje
- http://historie.residentie.net/cen25.htm
- Libben en foarbylden fan ûntwerpen
- Das Ornamentwerk des Daniel Marot: in 264 Lichtdrucken nachgebildet, 1892 by de Universiteit fan Heidelberch.