Daniël de Blocq van Haersma de With

Jhr. Daniël de Blocq van Haersma de With (Mitselwier, 28 juny 1850De Bilt, hûs Terre Neuve, 16 jannewaris 1928) wie in Nederlânsk bestjoerder.

Biografy bewurkje seksje

De With wie in telch út it laach De With en in soan fan grytman en boargemaster jhr. mr. Jan Minnema van Haersma de With (1821-1889) en Jacoba Cecilia Coenradina van Boelens (1822-1864). Hy boaske yn 1891 mei Henriëtta Wilhelmina van Naamen (1864-1950), telch út it laach Van Naamen, mei wa't er in dochter krige.

De With promovearre yn 1875 oan de Universiteit Utert op stellingen yn de rjochten. Dêrnei waard er yn 1879 boargemaster fan gemeente De Bilt wat er oant 1907 bliuwe soe.
Hy besette teffens ferskate oare funksjes, ûnder oare dy fan hoogheemraad fan Lekdijk Benedendams en de IJsseldam, fan 1896 oant 1920.

Jhr. mr. D. de Blocq van Haersma de With stoar yn 1928 yn de âldens fan 77 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederland's Adelsboek 98 (2013-2014), s. 26-27.