Jan Minnema van Haersma de With
Jhr. Mr. Jan Minnema van Haersma de With (Ljouwert, 25 septimber 1821 - De Haach, 19 novimber 1889) wie in grytman en boargemaster.
Hy liet him 22 septimber 1839 as studint ynskriuwe oan de Universiteit fan Grins en promovearre yn Utert as master yn de rjochten.
Hy wie grytman en letter boargemaster fan East-Dongeradiel en Ljouwerteradiel, teffens lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân.
De With wie in telch út it skaai De With en in soan fan de militêr en bestjoerder Daniël de Blocq van Haersma de With (1797-1857) en Adriana Heringa (1764-1828). Hy troude yn 1847 mei Jacoba Cecilia Coenradina van Boelens (1822-1864). Sy krigen sân bern, ûnder oare:
- Jhr. mr. Daniël de Blocq van Haersma de With (1850-1928), boargemaster;
- Jkfr. Volkertina Adriana van Haersma de With (1857-1916); boaske yn 1878 oan jhr. mr. Willem Marcus van Weede, hear fan de Berencamp (1848-1925), minister;
- Jkfr. Anna Cornelia van Haersma de With (1864-1930); boaske yn 1885 oan jhr. mr. Abraham Daniël Theodoor Gevers, hear fan Kethel en Spaland (1856-1896), boargemaster.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|