Danjel Hermannus Beucker Andreae
Danjel Hermannus Beucker Andreae (Sint Anne, 23 maart 1772 - Ljouwert, 18 maart 1828) wie in jurist.
Andreae hearde ta it patrysjerslaach Andreae en wie in soan fan gritenijsekretaris mr. Henricus Beucker Andreae (1736-1806) en Baukje Maria Lycklama à Nijeholt (1730-1805). Hy boaske yn 1803 mei Catharina Elizabeth Huber (1779-1822), regintes fan it Nij Steds Weeshûs, mei wa't er fiif bern krige.
Andreae studearre rjochten yn Frjentsjer en promovearre dêr 1829 op it proefskrift Quas ... ex auctoritate ... Laurentii Meyer ... pro gradu doctoratus.
Yn de revolúsjedagen nei 1789 (Frânske Revolúsje) wie er fan tuskenbeiden politike oertsjûging, hy tsjinne yn De Haach de republyk en waard drost fan it alfte distrikt (Ferwerderadiel, It Bilt en Menameradiel, 1802-1811) en griffier fan de rjochtbank yn Ljouwert (1812-1828). Hy wie in grutte boekefreon en in warber botanikus. As fûl pleitbesoarger foar it Frysk woe er dat it Frysk op skoalle jûn wurde moast.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|