Daniella Cicarelli

Daniela Cicarelli (6 novimber 1978, Belo Horizonte, Brazylje) is in earder Brazyljaansk telefyzjepresintatrise foar MTV Brazylje, en ek in fotomodel.

Daniela Cicarelli.

Daniela Cicarelli begûn as model op har tolfde. Doe't sy yn 2001 meidie oan in tv-reklame fan Pepsi waard sy ferneamd. Yn 2003 krige sy ferkearing mei fuotballer Ronaldo Luis Nazário de Lima, dêr't har ferneamdens noch grutter fan waard.

Spaanske-strânskandaal bewurkje seksje

Op 17 septimber 2006 waard op in Spaanske telefyzjestjoerder Telecinco in seksfideo sjen litten, opnaam troch de paparazzo Miguel Temprano, dy't Cicarelli mei har freon sjen liet wylst sy yn de brâning oan it boartsjen wiene, wêrnei't sy seks hiene. De oare deis wy de fideo op YouTube te sjen, omdat de seks op in iepenbier plak barde koe You Tube yn 2007 yn ferskate prosessen net feroardiele wurde foar it pleatsen fan it filmke. Cicerelli hie op dat plak gewoan gjin privacy ferwachtsje moatten, wie de rjochter fan betinken.