Danijel Pranjić (Nasice (Kroaasje), 2 desimber 1981) is in Kroatyske fuotballer dy't in oantal jierren ûnder kontrakt stien hat by sk It Hearrenfean. Pranjić spile twa seizoenen foar NK Osijek eardat er yn 2004 mei 53 wedstriden en 3 doelpunten efter syn namme nei Dinamo Zagreb gie. By Dinamo spile hy ien seizoen, en spile 29 wedstriden (2 doelpunten). Op it heden fuotballet er by Bayern Múnchen yn de Bundesliga.

Danijel Pranjić

sk It Hearrenfean bewurkje seksje

Yn de simmer fan 2005 gie Pranjić foar fjouwer jier nei sk It Hearrenfean, dat wakker fan him ûnder de yndruk rekke wie yn it duel mei Dinamo yn de UEFA Cup. Trochdat de Kroaten de groepsfaze fan it Europeeske bekertoernoai net trochkamen, koe Pranjic foar net te folle jild oernomd wurde.

Yn syn earste seiizoen wist hy grutte yndruk te meitsjen. Hy sette in pear goals, joech mear as tsien assists en wie der mei ferantwurdlik foar dat sk It Hearrenfean foar it tredde seizoen op rige UEFA Cup ôftwong troch yn de lêste wedstriid fan de play-offs tsjin FC Twente twa kear te skoaren. Ién fan de treffers wie in strafskop, ynsjitten op de bekende Panenka-manier. Dit keunstke die hy dêrnei noch wolris. Sels by in 0-3 efterstân tsjin AC Milan doarde hy it oan om mei in moai stiftke keeper Dida kânsleas te litten. Pranjic waard ek al selektearre foar it nasjonale alvetal fan Kroaasje.

Begjin 2007 biede sk It Hearrenfean Pranjić in kontraktferlinging oan, mar de Kroaat gie dêr net op yn om sa oare opsjes iepen te hâlden. Ta ferrassing fan in soad minsken ferlinge de middenfjilder yn septimber fan dat jier syn kontrakt mei fiif jier oant medio 2012.

Yn de rin fan it seizoen 2008/2009 wurdt dúdlik dat Pranjić oan syn lêste jier by sk It Hearrenfean dwaande is. Al yn de simmer van 2008 binne der klups út it bûtelân dy't him ha wolle, mar it bestjoer lit him op dat stuit noch net gean. Nei it seizoen 2008/2009, wêryn Pranjić mei It Hearrenfean de KNVB-beker wint, is de ynteresse fan Liverpool en Bayern Múnchen. Uteinlik is it dy lêste klup dêr't Pranjić foar 7,7 miljoen euro hinne giet.

Wurkpaad bewurkje seksje

Seizoen Klub Kompetysje Wedstriden Doelpunten
2002/03   NK Osijek 1. Hrvatska Nogometna Liga 30 1
2003/04   NK Osijek 1. Hrvatska Nogometna Liga 23 2
2004/05   Dinamo Zagreb 1. Hrvatska Nogometna Liga 29 2
2005/06 sk It Hearrenfean Earedifyzje 32 5
2006/07 sk It Hearrenfean Earedifyzje 34 2
2007/08 sk It Hearrenfean Earedifyzje 33 9
2008/09 sk It Hearrenfean Earedifyzje 30 16
2009/10   Bayern Múnchen Bundesliga 30 16
Totaal 193 32