Darius III
Darius III of Darius Kodomannus wie de lêste kening fan it Perzyske Ryk út de dynasty fan de Achaimeniden. Hy hearske fan 336 f.Kr. oant 330 f.Kr. en syn hiele regear hat sawat allinnich yn it teken stien fan de striid tsjin Aleksander de Grutte.
Skiednis
bewurkje seksjeDarius waard berne yn de wichtige famylje fan de Achaimeniden. Hy wie in neibern fan de eardere kening Darius II. Yn 336 f.Kr. waard er troch tadwaan fan Bagoas, in tige ynfloedryk persoan op de troan set. Mei deselde Bagoas krige hy it fuort oan de stôk, doe't er syn eigen koers farre woe. Der ûntstie in striid om de macht dy't troch Darius wûn waard.
Yn 334 f.Kr. rekke it Perzyske ryk yn oarloch mei de Griken doe't Aleksander de Grutte mei in leger fan om-ende-by 35.000 man oer de Hellespont Perzje ynloek. Neffens it Perzyske leger wie dat mar in lyts leger en Darius wie fan betinken dat er gjin partij hawwe soe oan de Griken. Dochs waard elts treffen wûn troch de Griken en de hiele kust fan Turkije kaam yn harren besit. Om in ein te meitsjen oan de Grykske driging brocht Darius in geweldich leger byelkoar en loek op tsjin Aleksander. Hy wachte de Griken op by Gaugamela oan de Tigris. Sa gau as de Griken harren op de Perzyske massa stoarten, ferlear Darius lykwols syn selsbehearsking en flechte fuort, wylst syn leger sûnder oanfierder folslein útinoar slein waard. Tsjin de ferhâldings yn waard de slach troch de Griken wûn.
Nei de slach setten de Griken de jacht yn op Darius, dy't no yn in hopeleaze situaasje telâne kaam wie. Troch ien fan syn eigen tsjinners waard er yn 330 f.Kr. fermoarde, wat de ein wie fan de dynasty fan de Achaemeniden, dy't sûnt de 7e iuw f.Kr. it Perzyske ryk regearre hienen.