Darius Milhaud

Wiki letter w.svg
Dit artikel is in stobbe oer muzyk.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Darius Milhaud (Aix-en-Provence, Frankryk, 4 septimber 1892 - Genêve, Switserlân, 22 juny 1974) wie in Frânske komponist en muzykpedagooch.

Darius Milhaud yn Parys (± 1926)

OeuvreBewurkje

Milhaud wie in tige produktive komponist en skreau mear as 400 partitueren, yn alle sjênres dy't mar betocht wurde kinne: opera, symfony en symfonyske muzyk, keamer- en fokaalmuzyk, wurk foar harmonyorkest en lieten. In protte fan Milhauds muzyk hat in typysk Frânske, neoklassisistyske ynslach. Milhaud brûkt yn syn muzyk faak polytonaliteit en polyritmyk. Yn in oantal wurken is ek de Latyns-Amerikaanske ynfloed fan Milhauds ferbliuw yn Brazylje te haerren. Ek de jazz, dy't Milhaud yn New York (mar ek yn Parys) kennen learde, liet spoaren yn syn muzyk nei.