Darlington Agintskip

It Darlington Agintskip (Ingelsk: Darlington Agency) wie it agintskip fan it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), in Amerikaanske oerheidsynstânsje, yn it eardere Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat yn it westen fan it Yndiaanske Territoarium (de tsjintwurdige Amerikaanske steat Oklahoma). It agintskip waard yn 1870 op 35°34′31″ noarderbreedte by 98°0′32″ westerlingte fêstige yn wat letter Canadian County wurde soe, ta ferfanging fan it agintskip dat in jier earder by Fort Supply iepene wie. De ferhuzing waard ûndernommen om it agintskip better berikber te meitsjen foar de ynwenners fan it Yndianereservaat, dy't ta de etnyske groepen fan 'e Súdlike Sjajinnen en de Súdlike Arapaho hearden. It agintskip waard ferneamd nei Brindon Darlington, in quaker dy't op dit plak de earste Yndiaanke agint wie en dy funksje útoefene oant syn dea yn 1872.

Darlington Agintskip
bouwurk
De kapel fan it Darlington Agintskip.
De kapel fan it Darlington Agintskip.
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Oklahoma
county Canadian County
koördinaten 35°34′31″ N 98°0′32″ W
bysûnderheden
type bouwurk Yndiaansk agintskip
boujier 1870
monumintale status NRHP
monumintnûmer 73001557
oare ynformaasje
oerflak 1,2 ha
kaart
Darlington Agintskip (Oklahoma)
Darlington Agintskip
Lokaasje yn Oklahoma.

It Darlington Agintskip waard meitiid útwreide mei in eigen kapel, in postkantoar en in ynternaat foar Yndiaanske bern, dat rund waard troch John Homer Seger. It ûntjoech him ta in fêst rêstplak oan it ferneamde Chisolm Trail, dat feeboeren út súdlik Teksas wei brûkten om har kij nei it spoar yn Kansas te driuwen. Tsjin 1880 brocht it agintkip syn eigen krante út, de Cheyenne Transporter, dat it earste deiblêd yn westlik Oklahoma wie. Yn 1897 krigen de Súdlike Sjajinnen har eigen agintskip te Concho, dêr't de Súdlike Arapaho har nei ferrin fan tiid by har joegen. It yn ûnbrûk rekke Darlington Agintskip ferfoel doe oan 'e steat Oklahoma. Oant 1922 waard it doe pachte troch de frijmitselders, dy't der in kostskoalle en in rêsthûs fêstigen. Neitiid brûkte de steat de gebouwen koarte tiid as ôfkickklinyk foar drugsferslaafden, foar't se oerdroegen waarden oan it Steatsdepartemint fan Natoerbehear, as útbriedstasjon foar fûgelaaien en ûndersyksfasiliteit. Op 14 augustus waarden de gebouwen fan it eardere Darlington Agintskip tafoege oan it Amerikaansk Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken, sadat se offisjeel de status fan monumint krigen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.