De Adriaan (Haarlim)
De Adriaan is in stellingmûne en nôtmûne oan it Spaarne yn Haarlim.
De Adriaan (Haarlim) | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Haarlim | |
koördinaten | 52°23' N 4°38' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 24,30 m | |
boujier | 1779 werbou 2001 | |
Webside | ||
www.molenadriaan.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Adriaan waard yn 1779 boud oan 'e râne fan 'e stêd op 'e restearjende ûnderbou fan 'e toer fan 'e Katarinapoarte, in diel fan 'e festingwurken fan 'e stêd. Mei't de mûne boppe op it fûnemint fan 'e toer waard boud, stie de mûne heech en koe de mûne in soad wyn fange.
Funksje
bewurkje seksjeYnearsten waard de mûne brûkt foar it meallen fan dowestien, skelpen en ikebast. Yn 1802 waard de mûne oan in tabakshandler ferkocht, dy't dêr tabak produsearre. Yn 1865 waard de mûne ferkocht en ferboud ta in wyn- en stoommûne en tenei waard dêr nôt mealle. Fanwegen de konkurrinsje fan 'e yndustry koe de mûne yn 1925 net mear út en wiene der plannen om de mûne ôf te brekken. Mar it meallen gie dochs noch troch, oant de mûne yn 1930 by in swiere stoarm skea oprûn. De mûne kaam leech te stean en waard brekfallich.
Brân
bewurkje seksjeOp 23 april 1932 baarnde de mûne folslein ôf. De ynwenners woene de mûne werom, mar troch de krisis yn 'e jierren 1930 wie der brek oan jild. Tegearre mei de Vereniging Haerlem krewearre de Feriening De Hollânkse Mûne foar de werbou, mar de plannen mislearren jimmeroan.
Yn 1963 waard de gemeente Haarlim eigner fan 'e grûn dêr't de mûne op stie en mei de oerdracht naam de gemeente ek de plicht op him om de mûne wer op te bouwen. Mar de gemeente kaam it ûnthjit net nei en der barde neat. Mei de opjochting fan 'e stifting Molen De Adriaan yn 1991 mei it doel om de mûne wer op te bouwen feroare der wat, mar de realisaasje fan 'e plannen hie noch hiel wat tûkelteammen. De gemeente en de bewenners woene de mûne wol werbouwe, mar der wie op 'e nij brek oan jild. Dat jild wie der ynienen wol doe't de foarsitter fan 'e stifting yn 'e argiven net allinne in ûnthjit, mar in werbouplicht oantrof en de gemeente op dy plicht wiisde.
Werbou
bewurkje seksjeUnder druk fan bewenners en ferskillende lokale, regionale en lannelike organisaasjes lykas Monumuntesoarch moast de gemeente fanwegen komme en stelde foar de weropbou 1 miljoen gûne beskikber. Dat wie net genôch, want de weropbou wie op 2,5 miljoen gûne begrutte. Subsydzjes, stipe fan 'e Europeeske Uny, it Haarlimske bedriuwslibben, oare organisaasjes en ynwenners brochten it ûntbrekkende diel op. De werbou sette yn april 1999 útein en yn april 2002 wie de mûne foltôge.
By de werbou waarden brede fokken montearre ynstee fan Ald-Hollânsk túch en dat wie net elkenien nei't sin. Doe't de mûne yn 2023 op 'e nij ophekt wurde moast, is keazen foar Ald-Hollânsk.
Museum
bewurkje seksjeSûnt 2003 is der yn 'e mûne in mûnemuseum ûnderbrocht. De minsken kinne harren by in besite oer mûnen, de technyk en De Adriaan ynformearje litte. Is it waar geunstich, dan draait de mûne. Dêrnjonken is de mûne in offisjele troulokaasje fan 'e gemeente.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Mûne op in tekening út 1817.
-
Katarinabrêge mei de mûne (1900)
-
Fûnemint fan 'e mûne (1986)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Stifting Mûnen Súd-Kennemerlân
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en oare ferwizings op nl:De Adriaan (Haarlem)
|