De Boalserter Merke
De Boalserter Merke is in gedicht en folksferske fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858), dy't derta ynspirearre waard troch it Dútsktalige fers Hans und Verene, fan Johann Peter Hebel. Halbertsma neamde de haadpersoanen om fan Hans en Verene nei Hoatse en Wobbel, ferskode de eftergrûn fan in Súddútske boarne nei de Boalserter merke, en brocht ek gâns oare, lytsere feroarings oan.[1][2] De Boalserter Merke waard foar it earst publisearre yn 1822, as ûnderdiel fan lytse ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes.
De Boalserter Merke | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Eeltsje Hiddes Halbertsma | |
taal | Frysk | |
foarm | gedicht | |
1e publikaasje | 1822, Dimter | |
oarspr. útjwr. | fa. J. de Lange | |
bondel | De Lapekoer fan Gabe Skroar (no: Rimen en Teltsjes) |
Neffens it byhearrende stikje proazatekst (troch Joast Hiddes Halbertsma) soe it gedicht taskreaun wurde moatte oan 'e fiktive figuer fan Gabe Skroar. Yn De Boalserter Merke rekket de ik-persoan fereale op Wobbel, in famke dat er op 'e merke yn Boalsert sjocht. Hy hinget de hiele dei yn har neite om, mar kin de moed net fine om har oan te sprekken, oant Wobbel har kammeraatskes him dêrta twinge. It gedicht is letter op muzyk set en in folksferske wurden, dat opnommen waard yn 'e lietebondel Fryslân Sjongt (nû. 71 yn 'e útjefte fan 2000).
Tekst
bewurkje seksje- De Boalserter Merke
- Fan Hoatse mei syn Wobbel
|
|
Byhearrend proaza
bewurkje seksjeDit sankje het Gabe makke op 'e bêste snein fan 'e Boalserter merke, dy't er nea fersomme. Dêr sjit ús by yn 't sin dat er de lêste reis mei poarte-lieden de stêd útgong, en doe't er in heal kertier op 'e wei west hie, him in siktaris mei in oeribel tsjokke wynbealch mette. Dizze frege him: "Jongetje! Zou ik nog door de poort kunnen?" "Jawol, hear!" sei Gabe. "Daalk is der noch in weide hea mei twa grouwe hynzers sonder kantroeren trochriden."
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|