De Brak
De Brak is in rûne stellingmûne oan 'e Nieuwstraat yn Sluis. De mûne wurdt as nôtmûne brûkt.
De Brak | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Seelân | |
plak | Sluis | |
adres | Nieuwstraat 26 | |
koördinaten | 51°18' N 3°23' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 23,30/23,50 m | |
boujier | 1739 werbou: 1950 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33892 | |
Webside | ||
molenvansluis.nl | ||
Kaart | ||
Sluis hie yn 'e 15e iuw sân mûnen, mar dy binne op ien nei allegear ferdwûn. De lêsten dy't ôfbrutsen waarden wiene houten mûnen, fan it standertype. Hja waarden yn 1926 en 1937 ôfbrutsen.
De Brak is ferneamd nei in jachthûneras en is boud yn 1739 op in 2,5 meter hege bult. It wie de earste stienen mûne fan Sluis.
Yn 1933 rekke de mûne bûten gebrûk en it meallen fûn nei dy tiid op de flier mei in oaljemotor plak. Op 31 oktober 1944 baarde de mûne by gefjochten ôf, mar in restauraasje folge yn 1950.
Op 'e flier fan 'e mûne kaam in elektryske meallerij, dy't yn 1964 bûten gebrûk rekke. Sûnt wurdt de mûne brukt troch in horekagelegenheid. Yn 1973 waard de mûne oanwezen as ryksmonumint.[1]
Fan Peaske oant yn 'e ein fan oktober bestiet de mooglikheid om de mûne te besjen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |