De Distilleerketel
De Distilleerketel (Frysk: de Distilleartsjettel) is in yn 'e jierren 1986-1987 boude rûne stellingmûne yn 'e haven fan it tsjintwurdige Rotterdamske stedsdiel Delfshaven, oant 1811 de haven fan it 14 kilometer noardlik lizzende Delft. De mûne is mealree.
De Distilleartsjettel | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Rotterdam-Delfshaven | |
adres | Voorhaven 210 | |
koördinaten | 51° 56' N 4° 26' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôt- en moutmûne | |
flecht | 27,40/27,50 m | |
boujier | 1727 werbou: 1899, 1986 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 32880 | |
Webside | ||
molendedistilleerketel.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeYn 'e 19e iuw besiet Delfshaven noch sân hege stedsmûnen, dy't fral mout oan 'e mouterijen en ienentritich stokerijen leveren. De earste Distilleartsjettel waard yn 1727 boud. Dy mûne baarnde yn 1899 ôf, mar waard wer opboud en bleau oant 1922 yn bedriuw. Dat jier waard de mûne bûten gebrûk steld en sûnt rekke er stadichoan yn it neigean. Yn 1938 rekke de mûne de wjukken kwyt en nei't de mûne yn 1940 by kriichshannelings yn brân sketten waard, bleau allinne de romp oer.
Om de binnenstêd in wer wat histoarysk oansjen te jaan wie de gemeenteried yn 'e jierren 1980 fan betinken dat der teminsten ien fan 'e grutte wynmûnen werboud wurde moast. In soad tiid wie der net mear, want der wie al in begjin makke mei it ôfbrekken fan 'e mûneromp.
De nije mûne is in nôt- en moutmûne en waard sûnt 1986 sa'n 11 meter fierder fan it âlde plak rekonstruëarre. Fanwegen de bou fan in appartemintekompleks wie it net mear mooglik om de mûne op it histoaryske plak del te setten.
Op 'e burd steane de Latynske wurden: 1727-1940 MULTUORUM CIVIUM OPERA RESURREXI AD MCMLXXXVI Yn 'e Fryske oersetting: "1727-1940 TROCH IT WURK FAN IN SOAD BOARGERS BIN IK YN IT JIER FAN US HEARE 1986 WER OPSTIEN"
De mûne hat oant de kap in hichte fan 25 meter en de wjukken hawwe in flecht fan 27.40/27.50 meter. De totale hichte is 38 meter. De lânskiplike wearde fan it ryksmonumint is tige grut. Sûnt 2018 ferkeapet in winkel produkten fan 'e mûne en oare oantinkens. Der wurdt gearwurke mei de mûnen fan Schiedam.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|