De Eenhoorn (Haarlim)

De Ienhoarn, offisjeel De Eenhoorn, is in paltrokmûne yn 'e Noard-Hollânske stêd Haarlim.

De Eenhoorn (Haarlim)
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Haarlim
adres Jaagpad 6F
koördinaten 52°21' N 4°38' E
bysûnderheden
type mûne paltrokmûne
funksje houtseachmûne
flecht 20,05 m
boujier 1776 of earder
oare ynformaasje
eigner gemeente Haarlim
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 19872
Webside
www.smzk.nl
Kaart
De Eenhoorn (Haarlim)
De Eenhoorn
 
De Ienhoarn ein 18e iuw yn noch in lannelike omjouwing.

De Ienhoarn waard yn of foar 1776 boud oan 'e eastlike kant fan it Spaarne op it plak fan in âldere houtseachmûne út mooglik 1642. Op kaarten fan 1615 en 1642 wurdt yn 'e buert fan it plak in Schalkwycker Mole en in Saegh Mole neamd. De namme De Ienhoarn komt pas op in oerdrachtsakte út 1721 foar. It is net bekend werom't foar dy namme keazen is. De hjoeddeiske mûne moat om 1776 hinne boud wêze en de namme fan 'e foargonger waard doe oernommen.

Om 1926/1927 hinne waard by de mûne in elektryske seagerij boud. Ta behâld fan 'e mûne kocht de Feriening De Hollânske Mûne yn 1927 de Ienhoarn oan. Yn 1963 waard de mûne oerdroegen oan 'e gemeente. Yn 'e selde tiid waard oan it jaachpaad dêr de mûne stiet it grutte stedsdiel Schalkwijk oanlein. Dêrfandinne hat de lânskiplike wearde fan 'e mûne bot te lijen hân, al is de sitewaasje wat ferbettere troch it ôfbrekken fan in sikehûs. De buert by de mûne waard yn 2016 nei De Ienhoarn ferneamd.

Ek hjoed-de-dei is de gemeente eigner fan 'e mûne, mar it behear is oerdroegen oan 'e stifting Mûnen yn Súd-Kennemerlân. De stifting hat mei frijwilligers is seachwurk wer yn oarder makke, sadat de mûne yn 1990 wer mealree wie. De frijwilligers fan 'e stifting sette de mûne regelmjittich wer oan it seagjen.

De Ienhoarn is in paltrokmûne, in seldsum mûnetype wêrfan't yn Fryslân mar in pear west ha (Burgum, Ljouwert, Harns, mooglik Frjentsjer en Starum). Yn Nederlân en dan benammen yn Noard-Hollân ha der folle mear west en allinne by Saandam stiene eartiids wol mear as 200 fan dat type. It wie winterdeis bealchjen op sa'n iepen, houten mûne en paltrokmûnen binne altiten seachmûnen.

 
Seachflier.

De Ienhoarn is swart tarre en hat oars as de oare paltrokmûnen fjouwer seachramen. It fjirde seachraam funksjonearre fanwegen in technysk brek lykwols net goed. Dat efterste seachraam is om dy reden yn 1900 koarter makke en horisontaal op 'e raamsouder set en mei stiennen ferswierre om de balâns oan 'e krukas net te fersteuren. Letter waarden yn stee fan 'e stiennen leadblokken sa grut as heale stoeptegels set, dy't better fêstset wurde kinne. It fjirde raam funksjonearret sadwaande as in balânsraam. In pompraam is it tredde lytse raam fan in wagenskotraam, dat ek as balânsraam funksjonearret, mar spesjaal foar dat doel is boud.

De mûne hat in sleepkontakt op 'e boppas, dy't ek op 'e ringlieding oansletten is, sadat it seagen by tonger gewoan trochgean koe.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en oare ferwizings op nl:De Eenhoorn (Schalkwijk)