De Feniks (Ljouwert)
De Feniks (offisjeel: De Fenix) wie in grifformeard tsjerkegebou yn Ljouwert. Yn 2012 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst en yn 2016 ferkocht. De tsjerke is yn 2018 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in appartemintekompleks.
De Feniks | ||
Lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
plak | Ljouwert | |
adres | Valeriusstraat 2-1 | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Grifformearde Tsjerken yn Nederlân sûnt 2002 PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Bom en Ingwersen | |
boujier | 1960 | |
sloopjier | 2018 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Feniks waard yn 1960 njonken de Pelikaantsjerke boud as grifformearde tsjerke fan Ljouwert-west.[1].
Yn ferbân mei it byinoar gean fan de grifformearde Fenikswyk mei de herfoarme Goede Herdergemeente en it ôfstjitten fan 'e Goede Herdertsjerke waard de Fenikstsjerke yn 2002 noch ferboud en útwreide. It oargel fan 'e Goede Herdertsjerke, yn 1957 boud troch de orgelboufirma Flentrop út Saandam, waard troch oargelbedriuw Bakker & Timmenga ferhûze nei de ferboude Fenikstsjerke.[2] De ferbouwing koste doe € 222.000 en it risseltaat wie in ljochte en moderne romte mei nije stuollen dy't sirkelfoarmich opsteld stiene rjochting it liturgyske sintrum.[3]
Net lang nei de ferbouwing kundige de Algemiene Tsjerkeried fan 'e Protestanske Tsjerke yn Ljouwert de sluting fan in tal tsjerken yn Ljouwert oan. It beslút om alle eardere grifformearde tsjerken ôf te stjitten brocht in soad opskuor yn tsjerklik Ljouwert. Foar De Adelaar en De Feniks betsjutte it beslút dat op snein 20 maaie 2012 de lêste earetsjinst holden waard.[4]
Ynearsten wie it it doel om it oargel fan De Feniks nei de yn 2014 ferboude De Fontein oer te bringen, mar fanwegen de klank waard der úteinlik besletten it oargel fan 'e Adelaar te ferhûzjen nei De Fontein.
De Protestanske Gemeente Ljouwert liet yn novimber 2016 witte dat de Fenikstsjerke ferkocht wie en dat de eardere tsjerke nei alle gedachten ôfbrutsen wurde soe.[5][6] Yn 2018 waard de tsjerke sloopt om plak te meitsjen foar in appartemintekompleks. Allinne de liedklok bleau bewarre.[7] It oargel fan 'e Feniks is yn 2019 ferkocht oan in organisaasje yn 'e Feriene Steaten.[8]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|