De Flyt (Koudum)
De mole De Flyt stiet oan de Molebuert yn Koudum (gemeente Nijefurd).
De mole waard oarspronklik yn de 18e iuw boud as poldermole yn Toppenhuzen.
Yn 1986 waard de mole ferpleatst nei syn hjoeddeiske lokaasje en ferboud ta in nôtstellingmole, type spinnekop.
Konstruksje: de romp fan de ûndertoer is dekt mei dakpannen; de kape is dekt mei houten dielen en hielendal tarre, mei in flecht fan 16,40 m. De mole is mealree en it meallen fan nôt bart op frijwillige basis.
Eigener is de Stifting De Fryske Mole. Moolners binne H. en L. Veenstra.