De Fryske Bibleteek
De Fryske Bibleteek wie in feriening dy't útjefte mooglik makke fan boeken dy't oars net of mei muoite útjûn wurde koenen.
Oprjochte yn 1923 troch Dr. Jacob Botke. Hy wie 16 jier foarsitter. Nei in sterke stiging fan it ledetal yn de jierren 1957-1963 (ledetallen efterelkoar 650 en 1550) benammen troch de aktiviteiten fan earelid W. Th. Zwart, sakke it ledetal stadichoan nei 877 yn 1974. It útjeftebelied is sûnt de jierren '60 frijwat tradisjoneel.
De Fryske Bibleteek stipe oant 1958 mei in kollektyf abonnemint It Heitelân, dêrnei De Strikel. De leden waarden fan 1 of 2 titels per jier foarsjoen. De Fryske Bibleteek waard letter ferantwurdlik foar it Rely Jorritsma Fûns. De Fryske Bibleteek gie 1979 ticht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|