De Fryske Boerepream
De Fryske Boerepream is in stichting dy't de boeresylpream wer yn eare herstelle wol. Hjirfoar binne klassefoarskiften opsteld, dy't der ta liede moatte dat it gehiel autentyk bliuwt. Der waard op 4 april 1996 begûn mei 4 preammen, letter waarden dat stadichoan mear. Yn oktober 2002 waard de stichting omsetten yn in feriening en yn 2009 bestiet de feriening út sa'n fyftich leden. De preammen farre alle jierren wedstriden dy't úteinlik liede ta in Frysk kampioenskip.
Klassefoarskriften (karút)
bewurkje seksje- Maksimale lingte sûnder stevens: 11.00 meter
- Maksimale breedte : 2,80 meter
- Roer en swurden binne fan hout
- Kromme houten gaffel
- De bûkdelling yn it rom moat fan hout wêze
- Want en foarstaach binne tastien, bakstagen net
- Ferlime mêsten en giken binne tastien
- De ûnderkant fan de mêstkoker moat oanbrocht wêze op de boppekant fan de kattespoaren
- Semint oan de suiden fan de bûkdelling binne tastien
- De ôfstân boppekant hommerts nei ûnderkant mêst is maksimaal 85% fan de lingte fan de mêst.
Skiednis fan de pream
bewurkje seksjeEartiids hienen in soad boeren yn midden en súdwest Fryslân lân dat allinnich oer wetter te berikken wie. De measte boeren wienen “Komelkers”. Se hienen in stik of wat kij en in bytsje lân (of hierden dat) dat faak fersnippere lei en fier fan elkoar ôf lei. Ark, bisten, hea, dong en fee moasten ferfierd wurde. Hjirfoar waarden faak preammen brûkt. Dy lieten se faak bouwe op pleatslike hellingen, lykas Bijlsma yn Warten of Westerdijk yn Terherne of by de pleatslike smid. De opdrachtgever joech dêrby de maten oan, dy't ôfstimd wienen op it oantal kij dat sa'n boer hie. Yn it foarjier waard it fee mei de pream nei it lân ta brocht. Der waarden ek hynders meinomd yn de pream. Op de weromreis koe it hea en de molke der wer by. As de pream troch sleatten moast waard de jaachline brûkt, de farboom of de trilker. Moast men oer puollen en marren dan koe it seil brûkt wurde. Net allinnich boeren hienen in pream, ek skippers dy't mei dong, turf of terpierde farden. De hannel waard dan faak ferkocht oan skûtsjeskippers. It koe ek oarsom, de lytsere preammen koenen faak better yn it achterlân komme. De preammen wienen yn it earstoan fan hout mar waarden al gau ferfongen troch izeren preammen dy't goedkeaper wienen, makliker te ûnderhâlden en langer mei gienen. Nei de Twadde Wrâldoarloch kamen der motors efter de pream en doe't begûn waard mei ruilferkaveling wie it gau dien mei de pream as wurkskip. De lannen kamen ommers tichter by elkoar lizzen en der waarden nije diken en brêgen oanlein. De measte preammen waarden as âld izer ferkocht en yn stikken seage of waarden brûkt as ûnderskip foar arken of as kasko foar in motorboat. Yn Terherne waard troch de VVV in pream as sylskip oanhâlden, as earebetoan oan de eardere brûkers krige dy de namme De Komelker.
Fryske Kampioenen
bewurkje seksje- 2004 : Sjerp de Vries - Nije Kimen
- 2005 : Tsjeard Bakker - Sietse.
- 2006 : Arend Wisse - Den Ael
- 2007 : Tsjeard Bakker - Sietse.
- 2008 : Arend Wisse - Den Ael
- 2009 : Tsjeard Bakker - Sietse.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |