De Gooyer (Wolvegea)
De Gooyer waard boud yn 1775. De mole is fan it type grûnsiler en hat as funksje poldermole. De mole stiet by Wolvegea oan it rivierke De Linde.
Oarspronklijk stie de mole by Blesdike. Nei sa'n sechtich jier waard de mole ± 1835 foar de earste kear fersetten nei Noardwâlde, wêr't er sawat tachtich jier wurke as nôtmole.
Om 1916 hinne waard de mole foar de twadde kear fersetten. De mole wie foar de restauraasje yn 1991 bekend as De Wâlden. Eigener is de Stifting It Fryske Gea.