De Gouden Engel (Koedijk)
De Gouden Engel is in nôtmûne oan 'e Kanaaldijk yn Koedijk yn 'e Noard-Hollânske gemeente Alkmar.
De Gouden Engel | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Alkmar | |
plak | Koedijk | |
adres | Kanaaldijk 236b | |
koördinaten | 52° 40'N 4° 45'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 23,00 m | |
boujier | 2008 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting Johannes Bos | |
monumintale status | gemeentlik monumint | |
Webside | ||
www.molen-degoudenengel.nl www.maalderij-degoudenengel.nl | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe bou fan 'e mûne wie in inisjatyf fan 'e Stifting Johannes Bos. Johannes Bos wie de lêste fan in mûndersskaai, dy't syn besit (in moalfabryk en grûn) neiliet oan in stifting. Dy liet nei it ferstjerren fan Johannes Bos yn 1997 de meallerij út 1866 en it mûndershûs út 1871 wer yn oarspronklike steat restaurearje. Om oan jild te kommen foar de bou fan in mealreeë mûne waarden trije nije hûzen yn 'e foarm fan Westfryske stolppleatsen en in dykwente op 'e grûn boud en ferkocht. Mei de opbringst dêrfan waard in nije mûne mei in skuorre boud.
Healwei desimber 2008 wiene it achtkant, de kape en de as klear en nei't de mitsele ûnderbou foltôge wie, waarden it achtkant en de kape set. Yn april 2009 folge it setten fan it wjukkekrús. Yn juny 2009 koe de mûne iepen wurde.
Namme
bewurkje seksjeDe namme fan 'e mûne is ûntliend oan it saneamde Gouden Engelfeest, dat eartiids yn Koedijk fierd waard. It feest ûnstie nei alle gedachten yn 1323 ta neitins oan 'e skinking fan in houten tsjerke, mei de prebinde foar de pastoar troch greve Willem III. Dy prebinde waard mei in gouden Ingelske munt (gouden engelsen) útbetelle, dy't yn dy tiid in betrouber betelmiddel wie. Op 31 desimber wurdt dat feest noch yn lytse rûne fierd.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe mûne is in achtkante stellingmûne mei in flecht fan 23 m. De wjukken binne tradisjoneel Ald-Hollânsk ophekt. By brek oan wyn kin der foar de produksje oergien wurde op in elektryske meallerij út 1929.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|