De Grutte Mûne (Broeksterwâld)
De Grutte Mûne is in poldermûne west fan it doarp Broeksterwâld yn it Bûtenfjild yn de gemeente Dantumadiel.
De Grutte Mûne (Broeksterwâld) | ||
mûne / mole | ||
De mûne yn 2022 mei de wjukken yn roustân fanwegen ferstjerren mûnder | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | Broeksterwâld | |
adres | Boarg. Nautawei 4-A | |
koördinaten | 53° 16' N 5° 58' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
oarspr. gebrûk | Bemeallen fan de Broekpolder | |
flecht | 22,54 meter | |
boujier | 1887 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | Stifting De Fryske Mole | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 11678 | |
Webside | ||
Side De Fryske Mole | ||
Kaart | ||
De Grutte Mûne is in foarse muonts, dy't in houten achtkant op stiennen fjildmuorren hat. De reiddutsen mûne hat in flecht fan 22,57 m. Flakby stiet de Broek- of Lytse Mûne, in lyksoartige lytsere mûne, mei deselde funksje.
Skiednis
bewurkje seksjeDe hjoeddeiske Grutte Mûne waard boud yn 1887 nei't de foargonger út 1879 ôfbaarnde. Bouwer Gerben van Wieren út Jannum boude de mûne mei twa skroeven wer op. Nei't yn 'e Westereen yn 1926 in gemaal iepene waard, krige de mûne in koartere skroef. De lytste skroef waard yn 1934 oerbrocht nei de Lytse Mûne. Nei't de mûne yn 1943 in sentrifugaalpompe krige, rekke de mûne bûten gebrûk.
Oarspronklik hie de mûne selsswichting, dy't by in restauraasje yn 1994 ferfongen waard troch âldhollânsk hekwurk. By in lettere restauraasje krigen de wjukken de selsswichting werom.
De mûne wie ornearre foar it bemeallen fan de Broekpolder, mar meallet no yn sirkwy om't er net mear op de Fryske boezem oansletten is. Opfallend is de útsûnderlik hege útskoat fan de mûne.
Eigner fan de Grutte Mûne is de Stifting De Fryske Mole.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- Moledatabank - 'Broeksterwâld, De Grote Molen'
- De Hollandsche Molen - 'De Grutte Mûne yn Broeksterwâld'
- FB-side De Grutte Mûne
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|