De Hamer
It eartiidske pakhús De Hamer oan de Roazegrêft 6 is monumintaal pân yn de stêd Harns.
Skiednis
bewurkje seksjeIt pakhús leit rjocht foar de Lytse Slûs fan Harns oer. It pakhús mei sealdak tusken puntgevels komt út de 18e iuw.[1] Boppe de tagongsdoar yn de midden sitte trije grutte rjochthoekige lûken. Op it middelste lûk stiet yn wite letters DE HAMER. Yn de rin fan de 20e iuw ferlear it pân syn oarspronklike bestimming as pakhús. De lêste dy't it gebou as pakhús brûkte wie in nôthanneler. Yn 1975 waard it pân troch brân ferwoaste. It stie leech mar wie yn it besit fan de stichting Seesilers.[2] It pân waard wer opknapt. Yn 1985 waard it gebou kocht troch de roomske tsjerke fan Harns. Sûnt dy tiid joech it pân ûnderdak oan ferskate sosjaal-kulturele aktiviteiten, lykas pjutteboartersplak, scouting en oare foarsjennings. Yn 1999 waard ek de bûtekant fan it pakhús restaurearre.[3] It eardere pakhús is erkend as ryksmonumint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|