De Helper (Haren)

De Helper is in poldermûne yn it buorskip Nijveensterkolk op de eastlike kant fan it Paterswoldsemar yn de gemeente Grins.

De Helper
6307.KPN.Meerwold.PatersWoldseMeer.DeHelper.Lage.Wal Windmolen.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
plak Haren vlag.svg Haren
adres Hoornsedijk 8
bysûnderheden
type bouwurk Poldermûne
boujier 1863; (weropbou) 1971
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 20307 [1]

De achtkante mûne waard yn 1863 súdlik fan de stêd Grins oan de eastlike kant fan it Noard-Willemskanaal boud foar it bemeallen fan de polder Helpman. Yn de jierren 1950 rekke de mûne bûten gebrûk en yn ferfal. Yn 1955 folge de ûnttakeling en bleau de mûne as romp stean.

Fanwegen de útwreiding fan de stêd Grins en de oanlis fan de A28 yn 1969 moast de mûne op it oarspronklike plak ôfbrutsen wurde. Yn 1971 waard de mûne op it hjoeddeiske plak by it Paterswoldsemar wer opboud. De mûne wurdt troch frijwillige mounders regelmjittich op sneon yn bedriuw set.

De wjukken binne útrist mei it systeem Fauël en âld-hollânsk hekwurk. De roeden hawwe in flecht fan 28,50 meter.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: