De Hond (wetterskip)
De Hond wie in lyts wetterskip yn de gemeente Idaarderadiel yn de Nederlânske provinsje Fryslân.
It wetterskip waard oprjochte yn 1905 en bestie út in lytse polder fan 27,5 hektare. It doel wie it regeljen fan de wetterhúshâlding en it bemeallen. Fanwegen de oanlis fan de wei Ljouwert-Drachten waard it wetterskip yn twaën splitst. In part koe dêrtroch net mear bemeald wurde. Sadwaande waard it wetterskip opheft. It grutste part gie dêrnei nei in partikuliere polder, de oare 8 hektare nei Wetterskip De Himpensermarpolder.
It grûngebiet fan De Hond waard yn 2004 part fan it Wetterskip Fryslân.