De Izeren Ko
De Izeren Ko is in eardere poldermole yn Allingawier yn de gemeente Wûnseradiel.
De Izeren Ko is in pealtsjasker út 1970, dy't ûnderdiel is fan de Aldfaers Erf rûte, in kultuerhistoaryske museumrûte troch de doarpen Allingawier, Eksmoarre en Piaam. De mole, dy't mealree yn sirkwy is, fungeart as demonstraasjemole by in pleats mei deselde namme yn it museumdoarp Allingawier. De mole mei in flecht fan 5,45 m. waard yn 2008 restaurearre. De Izeren Ko is te besichtigjen at it museum iepen is.