De Marsekreammer
De Marsekreammer is in keunstwurk fan Evert van Hemert op De Jouwer. It byldsje stiet oan it begjin fan de Midstrjitte dêr't eartiids de merk hâlden waard. It brûnzen byldsje stiet op in sokkel fan bakstien. Op in plakette stiet de tekst:
De Marsekreammer | ||
keunstwurk | ||
De Marsekreammer | ||
bysûnderheden | ||
jier | 2007 | |
keunstner | Evert van Hemert | |
materiaal | brûns | |
plak | De Jouwer | |
lokaasje | Midstrjitte |
De wykmerk yn de flekke De Jouwer bestie nei alle gedachten al earder as yn 1466. Mar yn dat jier waard troch de Steaten fan Fryslân oan de Jouwer merkrjocht ferliend. It gebiet om dit plak waard yn de folksmûle 'De Brol' neamd en dat wie it plak dêr't op moandeis de merk hâlden waard. Letter ûntstie de Jouster Merke, dy't jierliks hâlden wurdt fanôf de fjirde tongersdei yn septimber.
Ta oantinken oan 540 jier merkrjocht is dit monumint fan in bakjerinder setten. Dit barde op inisjatyf en stipe fan Sjouke Kuindersma.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |