Evert van Hemert

Evert van Hemert (Haarlim, 12 april 1954) is in Nederlânske byldhouwer en skilder, dy't op it stuit wennet yn Kolderwâlde. De Oardenwei yn syn wenplak bylâns stean alve skeppings fan Van Hemert, de bylderûte Us Famkes fan Kolderwâlde.

Aukje yn Hylpen, ien fan in rige fan alve bylden yn de alve stêden fan de Alvestêdetocht
Klaske

BylderûteBewurkje

De bylderûte sa't van Hemert dy tocht hie soe earst út alve stânbylden bestean, mar it binne tsien stânbylden en in brûnsplastyk wurden. Ald-Kommissaris fan de Keninginne yn de provinsje Fryslân Ed Nijpels hat freed 8 april 2005 it lêste fan de tsien stânbylden ûnthuld, mei de namme De lêste tsjerkegongster.

WurkBewurkje

Syn wurk is fral figuratyf. Hy brûkt faak froulju, en dieren, mei rûnde foarmen, mar ek it tsjinoerstelde komt foar yn syn wurk. Syn bylden út brûns makket er hielendal sels, fan de earste waaksfoarm oant en mei it jitten en it brûnzjen. By syn skilderwurk brûket er fral akrylferve op linnen.

It wurk fan Van Hemert wurdt ek yn it bûtenlân wurdearre, en hy hat ek al eksposysjes hân yn it bûtenlân.

SkeppingsBewurkje

BrûnswurkBewurkje

  1. Seus sittend op Europa
  2. Molkfaam
  3. Treksekspylster
  4. In dei nei de stêd
  5. Sytske
  6. Klaske
  7. De Reedrydster
  8. Famke op 'e bolle
  9. Fenus fan Kolderwâlde mei poes
  10. It Ferlied
  11. De lêste tsjerkegongster
  • Dûnsjend
  • Dûnsje op strjitte
  • Merkehynderke
  • Lit dyn titten sjen
  • Lytse poes

SkilderwurkBewurkje

  • Hobbelhynder of Anna's wylde tocht
  • De ferdieling
  • Bolleride
  • Leda (mingde technyk)

Keppeling om utensBewurkje