De Mid Frieslander

(Trochferwiisd fan De Midfrieslander)

De Midfrieslander wie in wykblêd foar Grou en omkriten. Yn it blêd stie nijs út de gemeenten Boarnsterhim, Ljouwert en Opsterlân. It blêd ferskynde tusken 1977 en 2012. It wie oant 2012 yn hannen fan Noordelijke Dagblad Combinatie Mediagroep (NDC).

Logo fan De Mid Frieslander

Mei yngong fan 1 jannewaris 2012 wie it dien. It tal abonnees rûn werom en de advertinsjeopbringsten waarden hieltyd minder. Boppedat kaam de gemeentlike weryndieling deroan, dêr't Boarnsterhim by ferdwine soe.