De Paltz is in bûtenpleats mei lângoed fan 77 hektare boppe-op de Soesterberch benoarden Soesterberch yn de gemeente Soest yn de provinsje Utert.

De Paltz

Andries de Wilde (1781 - 1865) kocht op 18 desimber 1823 foar ƒ 24.800,-- it lângoed Pijnenburg. Dêr hearden ek inkele stikken fan it gebiet De Paltz yn Soesterberch by. Fan de hear Van Bern, boargemaster fan Zeist, kocht hy op 11 novimber 1836 noch in pear stikken grûn yn dit gebiet. Andries De Wilde liet op 15 juny 1860 syn lângoed by opbod ferkeapje. Sels sette er him ta wenjen op it súdlike diel fan Pijnenburg. It diel noardlik fan de Biltsewei waard kocht troch mr. Herman Albert Insinger (1827 - 1911) en de goederen fan De Paltz waarden kocht foar ƒ 8.950,-- troch jhr. mr. Jacob Philip Albert Leonard Ram (1826 - 1890), boargemaster fan Breukelen. Jonkhear Ram kocht it lângoed foar f. 8950,- en liet der yn 1867 in hearehûs, túnmanshûs, stâl en koetshús bouwe. Hy liet op syn grûn it lângoed De Paltz oanlizze. De besteande pleats waard nei in brân yn 1861 werboud. Dêrnei folge yn 1863 de bou fan trije arbeiderswenningen. Yn 1867 waard it hearehûs boud en dêrnei folge de oanlis fan it park, grif nei ûntwerp fan túnarsjitekt en beamkweker Hendrik Copijn (1842 - 1923).

Neidat jhr. Ram ûnder kuratele steld wie, waard op 5 july 1872 it lângoed by opbod ferkocht. It waard foar ƒ 25.000,-- eigendom fan jhr. Louis Rutgers van Rozenburg (1826 - 1908), assuradeur te Amsterdam. Yn 1874, 1882 en 1897 kocht hy fan de gemeente inkele stikken grûn. Hy brûkte it earst as bûtenhûs, mar yn 1860 kaam er dêr fêst te wenjen. Hy liet yn 1876 it lângoed troch túnarsjitekt Leonard A. Springer (1855 - 1940) opnij oanlizze.

Nei de dea fan Louis Rutgers van Rozenburg yn 1908 festige syn âldste soan David Louis him op it lângoed. Nei syn ferhuzing yn 1922 nei Utert waard it lângoed ferkocht oan de bruorren Van der Krol. Dizze houthannelers, dy't it 110 hektare grutte lângoed nea bewenne hawwe, kapten grutte stikken bosk en ferfongen it troch produksjebosk foar de mynbou. De gebouwen waarden ferhierd. Yn de 20e iuw waarden dielen fan it lângoed brûkt as sânôfgraving. Ek wurdt der 70 hektare ferkocht oan de Nederlânske Steat foar de definsje. Yn 1984 waard it kocht troch E.S. Raatjes. It koetshús waard renovearre en der waard in begjin makke mei de restauraasje fan it lânskipspark.

Bosk en hûs

bewurkje seksje
 

Yn de Midsiuwen hjitte dit grûngebiet "de Eng fan Hees" en wurdt yn de argiven "Grote Eng" en "Hoog Hees" neamd. It wytbeplastere gebou hat in feranda, in symmetryske foargevel en is boud yn in Frânsk-eklektyske styl. De foargevel hat in foarútstykjende middenpartij en hat op de hoeken panielpilasters. De yngong sit yn de eftergevel yn in portyk mei achthoekige panielpylders. It hûs hat fjouwer ferdjippings: in kelder, in begeane grûn, in ferdjipping en in souder, dy't dekt wurdt troch in skyldtek. De oanlis fan de tún giet diels werom op de 15e-iuwske ûntginning ta boulân. Nei 1872 wurde in pear stikken grûn tafoege oan it lângoed en wurdt it besteande bûkedoalhôf opnij beplante en fergrutte troch detúnarsjitekt Leonard A. Springer.

Stasjon De Paltz is in earder stopplak oan it spoar Den Dolder-Baarn. It stopplak waard op 27 juny 1898 iepene en op 15 maaie 1933 sluten. De oanlis fan it stopplak wie in inisjatyf fan jonkhear L. Rutgers van Rozenburg, destiids eigener fan it lângoed. Omdat hy eigener fan de grûn wie dêr't it trasee oer rûn slagge it him dat der ek in leantsje nei syn lângoed oanlein waard, it hjoeddeiske Berkenlaantje.

Yn 1922 waard it lângoed ferkocht oan de houthannelers Van der Kroll, dy't grutte stikken fan de bebosking kappe en ferfange troch produskjebosken foar de mynbou. Yn de jierren 60 en 70 fan de foarrige iuw wiene der grutte sânôfgravings, wêrtroch't it lângoed tige wizige waard.
Sûnt ± 2006 waard der in begjin makke mei de restauraasje fan it lânskipspark. It lângoed wie in skoft eigendom fan de firma J. van der Kroll, dy't it hûs ferhierde oan in Evangelyske Stichting dy't it as in opfanghûs brûkte. Yn 2007 waard in lângoed oankocht troch de provinsje Utert. Dat wie yn it ramt fan it programma Hert fan de Heuvelrêch dêr 't it lângoed De Paltz in wichtige skeakel yn de natoer op de Utertske Heuvelrêch wie.

  • 1860 - 1872 Jonkhear Jacob Philip Albert Leonard Ram
  • 1872 - 1908 Jonkhear L. Rutgers van Rozenburg
  • 1908 - 1922 David Louis van Rozenburg
  • 1922 - 1984 bruorren Van der Krol
  • 1984 - E.S. Raatjes
  • 2007 - provinsje Utert
  • 2011 - Utrechts Landschap

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Soest Monumentaal, 110 monumenten in Soestdijk, Soest, Soest-Zuid, Soestduinen en Soesterberg, útjefte fan de Histoaryske Feriening, side. 103
  • Monumenteninventarisatie Prov. Utrecht en Gem. Soest, side 576 - 578
  • W. Klein - Hees, yn: Van Zoys tot Soest, tydskrift fan de Historische Vereniging Soest/Soesterberg, jiergong 5 nr. 3, winter 1984-1985, side. 6-16
  • Ds. J.J. Bos - De Paltz, yn: Van Zoys tot Soest, tydskrift fan de Historische Vereniging Soest/Soesterberg, jiergoang 15 nr. 3, winter 1994-1995, side 14-15
  • H. Lägers en M. Kruidenier - Soest, geschiedenis en architectuur, Utjouwerij Kerckebosch, Utert/Zeist, 2006, 336 siden.
  • Oer De Paltz
  • Stasjon De Paltz