Patriottetiid yn Boalsert

(Trochferwiisd fan De Patriottetiid yn Boalsert)

De patriotten yn Boalsert krigen tusken 1782 en 1789 lanlik omtinken fan de parse troch harren ferset en striid tsjin it steedhâlderlik stelsel en it opsluten en feroardieljen fan in tal patriotten.

Foargevel fan it stêdhûs fan Boalsert

Yn 1773 stelde steedhâlder Willem V foar om de froedskip fan Boalsert – besteande út seis boargemasters, twa riedslieden en 24 froedskipsleden – mei de helte fan de leden te ferminderjen. Der wienen net genôch kwalifisearre kandidaten op in befolking fan 2.500 ynwenners. Boppedat wienen Katoliken (likernôch 30% fan de befolking), Menisten (5%) en Lutersken en Joaden (5%) destiids útsletten fan it froedskipsamt. Omdat der skeel ûntstie, kaam der in nij útstel yn 1776, wêrby’t de rie mar mei ien tredde fermindere wurde soe. Yn 1778 stelde de steedhâlder foar om it ûnderwerp rêste te litten, omdat der dochs noch in lid tsjinstimde. Blykber wie in mearderheid fan stimmen net genôch. Dochs liet de prinseman boargemaster Schelto van Heemstra yn syn folgjende amtsperioade de froedskip op autokratyske wize "útstjerre". Faaks net ferkeard, want Amsterdam, in stêd mei mear as 200.000 ynwenners, hie doedestiids fjouwer boargemasters en 34 froedskipsleden.

In desimber 1782 waard boargemaster Van Heemstra, dy’t net yn Boalsert wenne en lykas syn foargongers nea amtejild betelle hie, bûtenspul set. De spanning wie oprûn omdat Van Heemstra yn augustus fan dat jier in Oranje tadiene stedsskriuwer beneame wollen hie, noch foardat de ferstoarne sekretaris begroeven wie.[1] It slagge de patriotten om S. Braaksma beneamd te krijen op grûn fan prosedurele flaters, it earste sukses. Binnen in jier rekke Van Heemstra – dy’t der faak net by wie en as it sa útkaam op himsels stimde – syn boargemastserssit en jierrenlange ôffurdiging nei de Provinsjale Steaten kwyt.[2] De steedhâlder ûnderkende dat Van Heemstra yn behyplike omstannichheden siet.[3]

De patriotten yn Boalsert hienen harren opmerklike suksessen yn 1782 en 1783 te tankjen oan in stikmannich kundige en trochtaastende sismannen, ûnder oaren notaris N. Elgersma, de ierdewurkfabrikant F. Tichelaar en de abbekaat A. van den Burg. De patriottyske magistraat fan Boalsert brocht de omfang fan de froedskip werom, him basearjend op âlde rjochten út 1637 en op proseduereflaters.[4] De feitlike beneaming fan in tal nije froedskipsleden waard noch lange tiid tsjinholden, omdat de foardroegen kandidaten te min kapitaal hienen: it lidmaatskip fan de grifformearde tsjerke en it besit fan in eigen hûs wienen destiids needsaaklike betingsten.

 
It eksersysjegenoatskip fan Snits, troch H. van de Velde, ca. 1786

De frijwillige skutterij

bewurkje seksje

Yn de lange, strange winter fan 1784 wie troch it genoatskip Frije Friezen yn Harns in priisfraach útskreaun om praktyske advizen te leverjen oangeande in optimaal organisearre, provinsjale boargermilysje.[5] Yn oktober 1784, nei it ferdwinen fan de hartoch fan Brunswijk, ûntstie der in nije situaasje yn de Republyk. De Eastenrykske keizer Jozef II besocht om mei in pear skippen de tagong oer de Westerskelde te forsearjen. It gefolch wie de saneamde tsjetteloarloch, dêr’t gjin inkel skot by foel. Op 7 jannewaris 1785 waard yn Ljouwert (op 'en nij) besocht om ta in provinsjaal leger te kommen. De eangst foar woaste Kroaten en Hongaren út it Eastenrykske leger spile in net ûnbelangrike rol yn de propagandaoarloch. Hûs en hiem, frou en bern moasten beskerme wurde, sa’t it omskreaun waard.

De patriotten yn Boalsert hiene op 21 jannewaris in frijwillige skutterij oprjochte, dêr't eltsenien lid fan wurde koe en de offisieren demokratysk keazen wurde soenen. Allinnich ien boargemaster, G. Rondaan, stimde úteinlik foar, in beslissing dy't him mooglik noch swier oanrekkene wurde soe.[6] De froedskip protestearre fûl tsjin de ôfwêzigens fan safolle magistraatsleden, wêrûnder fansels de fjouwer boargemasters dy't op de hân fan de prins wienen. Twa eardere patriotten keazen ûnderwilens foar in lykwichtiger koerts. Âld-boargemaster Tichelaar wegere alle meiwurking, mar ek boargemaster Elgersma wynde him derfoar wei, wylst dy nota bene in pear moanne earder 2.600 gûne út de tegoeden fan it Sint Antonygasthûs helle hie foar it oanskaffen fan wapens en unifoarms. It lot fan Johan van Oldenbarnevelt wie blykber genôch om hoeden te wêzen mei it setten fan hantekenings foar it organisearjen fan pleatslike of provinsjale milysjes. Ûnderwilens waard troch twa kompanjyen fan elts 40 man alle wiken oefene yn de Broeretsjerke en, wat ûngewoan, opsteld neffens harren natuerlike lingte. Boargemaster Van Heemstra stelde foar om twa trommels en fluiten te skinken, mar de offisieren wiisden it foarstel fan de hân, omdat der gjin oar wapen as dat fan de stêd akseptearre wurde koe. It duorre oant 30 augustus 1786, ear't provinsjale tastimming ferliend waard en de offisieren offisjeel beneamd wurde koenen. De kriichsried fan de frijwillige skutterij ferbea lykwols alle festiviteiten.

De situaasje rûn yn augustus 1786 út 'e hân troch in foarfal yn Utert, dêr't lanlike gearkomsten fan frijkorpsen en eksersysjegenoatskippen holden waarden, mar ek sûnder goedkarring fan de steedhâlder sechtjin nije froedskipleden ynstallearre waarden. Daendels, dy't it eksersysjegenoatskip yn Hattem oanfierde, easke in wike letter in sit yn de net folsleine froedskip op, wêrnei't Hattum op 5 septimber beset waard troch steedhâlderlike troepen. Doe ûntstie de eangst dat ek it "demokratysk eldorado" Utert bedrige wurde soe.

De frijwillige skutterij fan Boalsert tsjinne op 11 septimber in foarstel yn ta it oankeapjen fan krûd en munysje. It útstel kaam fan de kapitein fan de frijwillige skutterij, Cornelis van den Burg, dy't earder dy dei op "demokratyske" wize, dus sûnder goedkarring fan de steedhâlder, as boargemaster beneamd wie. Elgersma, de rykste man fan Boalsert, wie ûnderwilens hielendal fan stânpunt feroare en joech syn omtinken op it beskreppen fan in de finansjele posysje yn de Provinsjale Steaten. It slagge him om Van Heemstra foarby te gean, dy't dêrnei by de steedhâlder syn beklach die. Troch in soarte gearkomsteferbod is der net folle bekend oer de patriotten en de frijwillige skutterij yn de perioade oktober 1786 oant maaie 1787, mar de situaasje bleau ûnrêstich omdat yn Fryslân op 1 juny 1787 nije regearingsregleminten yngean soenen.

Ûnrêst yn Boalsert

bewurkje seksje
 
De Tille by Easterwierrum ± 1750, mei de herberch, dêr't de trekskippen fan hynder wikselen

Yn de simmer fan 1787 lôge it konflikt op en net allinnich omdat de stêd Utert oanfallen waard. Ein maaie waard it de eksersysjegenoatskippen yn Fryslân ferbean om nije wapens oan te skaffen. Studinten en heechleararen yn Frjentsjer mochten net langer oan eksersysjes meidwaan. Yn augustus ferbea Provinsjale Steaten, fanwegen de driging fan in Prusyske ynfal, om Hollân te helpen. In tsiental Fryske steateleden ûnder lieding fan Court Lambertus fan Beyma, de lieder fan de Fryske patriotten, lûken harren doe werom yn Frjentsjer. Yn Boalsert waarden yn de earste wike fan septimber in stikmannich definsive maatregels nommen: it stedsje waard binnen in wike troch de frijwillige skutterij yn steat fan paraatheid brocht. De bolwurken waarden ophege ûnder lieding fan de út Siegen ôfkomstige skoalmaster H.C. Achenbach, in eks-militêr út it Steatske leger.[7] Der waard 500 gûne liend fan de abbekaat Taco Mesdag om de arbeiders op sneontejûn yn de kroech út te beteljen.

Net alle patriotten yn Boalsert wiene ree en stypje de rebelearjende "Frjentsjerter Steaten" , sa docht bliken út de prosesstikken.[8] Der hawwe fûle diskusjes west op moandeitejûn 10 septimber, nei't de pleatslike herberch t Fontein oan de Merkstrjitte omsingele waard troch paraat steand legerke fan fyftich patriotten út Barradiel. It personiel hearde binnendoar geflok en geraas. De offisieren fan de frijwillige skutterij, dy't yn de herberch in gearkomste holden, waarden foar stiifkoppen útmakke. De offisieren moasten it declaratoir (in pleit foar it werombringen fan rjochten en frijheden) net lêze, mar ûndertekenje, sadat it noch dyselde jûns regele wurde koe! Oant djip yn de nacht waard by Boltsjes thús de ûntstiene situaasje besprutsen en waard der kofjedronken. Ek de befolking waard benaud. In frou, dy't earder har hûs oranje ferve hie, wie fuortdaliks dy jûns al begûn om it oer te fervjen.

De auxiliairen (helptroepen) waarden de earste nacht ûnderbrocht yn de skoalle fan master Achenbach. De oare deis waarden de stedspoarten sletten en de brêgen barrikadearre, nei't der mienskiplik paradearre wie. Noch gau waard besocht om de stedskas yn feilichheid te bringen. P. Westerbaan en syn frou, yn in sjeas ûnderweis nei Ljouwert, waarden sa'n 18 km efterneisitten oant de brêge by Easterwierrum troch Willem Lycklama à Nijeholt. By de weromkomst fan it selskip stelde boargemaster D. Eerdmans yn in taspraak foar om it jild oan de Steaten yn Frjentsjer te skinken. Nei ôfrin waard by Westerbaan thús noch in slokje nommen.

Om in lang ferhaal koart te meitsjen, nei in wike fan oerlis erkende de sleauwe froedkip fan Boalsert op 17 septimber 1787, nei't in stik of seis ôffurdigen it stedhûs ynkrongen wie, as iennichste stêd yn Fryslân de "Pretense Steaten" te Frjentsjer. De patriottyske boargemasters B. Braaksma en Eerdmans stimden ta, sadat de rêst yn it stedsje weromkomme koe. It stânpunt fan Cornelis van den Burg hoecht eins net útlein te wurden. De oare boargemasters sieten al wiken thús, net reewillich om hokfoar aksje dan ek te stypjen.

Ûnderwilens drige Van Beyma de diken troch te stekken as Fryslân beset wurde soe troch in ûnderdiel fan it Prusyske leger, dat nei it noarden opteach. Albertus Lycklema à Nijeholt, in tekstylhanneler út Boalsert, sette mei de sulversmid B. Jelgerhuis ôf om in stikmannich kanonnen út Sleat nei De Lemmer te ferslepen. Doe't op sneintemiddei 23 septimber dúdlik waard dat prins Willem V werom kommen wie yn De Haach, der net genôch stipe fan de befolking kaam, de finansjele middels beheind wienen, Frankryk net komme soe om te helpen, waard it de patriotten yn Fryslân oanret om oer De Lemmer en Starum nei Amsterdam te flechtsjen. In twatal, de kolonel J. Boltjes en de majoar F. de Boer, flechte (oer It Amelân) nei Bremen. Wopko Cnoop liende noch de lêste hûndert gûne.

 
Ien fan de trije ôfbylden fan de symboalyske eksekúsje fan Cornelis van den Burg op 16 maaie 1789 yn Ljouwert

De sân efterbleaune offisieren fan de frijwillige skutterij en trije boargerkommitearren - earder dy moanne yn sân hasten beneamd om de froedskip te kontrolearjen - waarden yn de nacht fan 1 oktober yn in trekskûte nei Ljouwert brocht. Ûnder harren wie de meniste fabrikant Wopke Cnoop, dy't yn de finzenis in koart en betyzjend deiboek byhold fan wat er meimakke. Troch in misferstân - it wie net dúdlik wa't de kaai hie - fergeat de flechtsjende Van Beyma (of syn sekretaris) ûndertekene en dus tige belêstjende stikken út Frjentsjer wei mei te nimmen. Foar justysje wie it dêrnei "maklik" in stik of sân patriotten út Boalsert te feroardieljen. Cornelis van den Burg krige ien fan de swierste straffen dy't destiids útsprutsen waarden. Hy waard ta de dea feroardiele fanwegen syn radikale demokratyske opfettings. Dochs, mei in blyndoek foar en al knibbeljend op it skavot, waard er weromroppen. Hy krige te hearren dat him foar tweintich jier de tagong ta Fryslân ûntsein waard en dat er binnen trije dagen it lân ferlitte moast. De oare finzenen krigen tsien, seis, fjouwer jier ferbanning of in jildboete oplein. Twa finzenen stoaren yn finzenskip troch de ekstreme winter yn 1788, dy't al betiid ynfoel. Van den Burg gie nei syn freonen yn Noard-Frankryk. Dêr waarden inkele tûzenen patriotten oer de prinsipen fan de Frânske Revolúsje ûnderrjochte en wachten oant de kânsen keare soene.

Yn jannewaris 1795 - by de komst fan it Bataafske legioen - waard boargemaster Van Heemstra ôfset. Hy flechte fan Oentsjerk nei Emden. Katoliken (roomsken) en menisten krigen dêrnei mear rjochten en ôffurdigen yn de Earste Nasjonale Gearkomst. Rûnom yn Nederlân waard de erflikheid fan amten plechtich ôfsward. Ta beslút, yn 1811, yn de lêste jierren fan it Frânske bewâld, waard de ried fan Boalsert dochs noch troch de helte dien en oer de beneamde of keazen boargemaster binne de mienings noch altyd ferdield.

Brûkte literatuer

bewurkje seksje
  • Keikes, W.H. (1952) Ynventaris fan de Argiven fan Boalsert.
  • Nieuw Nederlands Jaarboek of vervolg der merkwaardigste geschiedenissen, die voorgevallen zijn de Vereenigde Provincies, de Generaliteitslanden en de Volksplantingen van de Staat (1783), side 879; (1787) siden 1548-9; (1789), side 951, 1430-4.
  • Vaderlandsche Historie vervattende de geschiedenissen der Vereenigde Nederlanden, zints den aanvang der Noord-Americaansche onlusten, ...., diel IXX, side 173-5; diel XXII, side 22-5, 29-31.
  1. J. de Boer (1987) Vrijkorpsen in Friesland. Yn: W. Bergsma et al. For uwz lân, wiv en bern. De patriottetiid yn Fryslân, side 74.
  2. Eenige brieven betrekkelijk het voorgevallene in Bolswards regeering in de jaaren 1782, 1783 en begin van 1784, side 5. (1785)
  3. Ken. Hûsargyf 221, inv. 22, 7 desimber 1782.
  4. Tegenwoordige Staat van Friesland (1788), side 214-8; 220.
  5. Kok, J. (1784) Oarsprong, oanwaaks, skiednissen, foarrjochten en tsjintwurdige Staat fan de Nederlânske Skutterijen en Eksersysjegenoatskippen, side 178; De Post van den Neder Rhijn V, nr. 211, side. 503-4.
  6. Rondaan waard op 5 septimber 1787 begroeven, details ûnbekend.
  7. Letter troch justysje hate fanwege syn bedaarde kriichskunde.
  8. Ryksargyf Fryslân, ynf. nr. 14-4424, 4425, 4435, 4436, 4442, 4450, 4462, 4463, 4470, 4471.