De Peperbusse
De Herfoarme tsjerke of, sa't de tsjerke fanwegen de nea foltôge toer neamd wurdt, de Peperbusse is it tsjerkegebou yn Sint Kruis fan 'e protestantske gemeente Aardenburg-Sint-Kruis yn 'e provinsje Seelân.
De Peperbusse | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Seelân | |
plak | Sint Kruis | |
adres | Schoolpad 2 | |
koördinaten | 51° 16'N 3° 29'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 6934 | |
Webside | ||
Side PKN Sint Kruis-Aardenburg | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke heart ta de âldste tsjerkjes fan Siuwsk-Flaanderen en de skiednis der fan giet werom op it jier 1296. Yn dy tiid foel de wierskynlik oarspronklik oan it Hillich Krús wijde tsjerke ûnder de abdij Ter Doest by Brugge.
De westlike toer fan 'e tsjerke datearret út 'e 14e iuw. Yn 'e twadde helte fan 'e 15e iuw waard de tsjerke útwreide mei sydskippen fan 'e selde hichte as it middenskip, in dwersskip en in koer.
Yn de Tachtichjierrige Kriich hie de tsjerke slim te lijen fan it geweld. By de renovaasje yn it midden fan 'e 17e iuw waard it beslút nommen de sydskippen, it dwersskip en it koer wer ôf te brekken. It tsjerkeskip waard mei in travee ynkoarte en de arkades dy't eartiids nei de sydskippen iepenen waarden tichtmitsele. Sa ûntstie in foar de kalvinistyske tsjinst geskikte sealtsjerke.
Yn 'e tsjerke stiet in foar in part 17e-iuwske preekstoel en in 18e-iuwske hearebank. Fierder lizze der oer de flier noch in pear grêfsarken, dêr't de âldste fan út it jier 1472 stamt.
Oargel
bewurkje seksjeOp 'e oargelkreake stiet in grut útfallen kistoargel. It is makke troch de Belgyske oargelmakker Stephan Schumacher út Eupen en ferfong yn 'e maaitiid fan 1991 in oanwêzich harmoanium.[1]
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|