De Ryd (Gytsjerk)
De Ryd is in marke besuden Gytsjerk. It langhalige wetter leit yn it ferlingde fan de Koaiboutfeart yn de rjochting fan de Trynwâldsterdyk. Besuden de mar leit polder De Warren.
De namme De Ryd jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme De Rijd.