De Schaduw van Bonifatius

De Schaduw van Bonifatius (soms ferfryske ta It Skaad fan Bonifatius) is in 15 minuten duorjende eineksamenfilm fan de Nederlânske Film en Telefyzje Akademy. De film gie op 29 juny 2010 yn premiêre op it eineksamenfestival fan de Nederlânske Film en Telefyzje Akademy yn Amsterdam.

Jeroen Gunning (Gregorius) mei Mareille Labohm (Dryade)
Jan Decleir (Bonifatius) en Jeroen Gunning (Gregorius)
Jan Decleir (Bonifatius)

Yn de film wurdt Aldfrysk en Aldingelsk sprutsen. It senario fan de film is dêrom troch Rolf Bremmer, heechlearaar yn beide talen oan de Universiteit fan Leien, oersetten en ynsprutsen. Yn it senario waarden de teksten fan Bonifatius earst yn it Aldingelsk oersetten en dy fan syn learling Gregoarius en harren tsjinspilers yn it Aldfrysk. Aldingelsk en Aldfrysk binne deade talen, sadat Bremmers de akteurs helpe moast by de útspraak. Yn Leien kamen de akteurs op it lêst nochris by elkoar om mei regisseur Thijs Schreuder de Latynske, Aldfryske en Aldingelske teksten te oefenjen. De rol fan Bonifatius wurdt spile troch Jan Decleir.

It is it jier 754. It Kristendom waait as in stoarm troch Europa, mar yn Fryslân biede de lêste stammen noch ferset. De jonge muonts Gregorius is ferkeazen om mei biskop Bonifatius noch in lêste kear te besykjen om de heidenske Friezen te bekearen ta it kristendom. Tegearre reizgje se nei it hert fan it Fryske keninkryk: de hillige Doanar-iik.

Foar de film is gebrûk makke fan itselde produksjeproses as by de ferfilming fan Lord of the Rings en Pirates of the Caribean. Yn septimber en oktober 2010 wie de film te sjen op it Nederlânsk Film Festival yn Utert.

Rolferdieling
  • Gregorius - Jeroen Gunning
  • Bonifatius - Jan Decleir
  • stamhaad - Jan Arendz
  • bosknimf - Philippine Corporaal
  • Dryade - Mareille Labohm
Meiwurkers
  • regy - Thijs Schreuder
  • senario - Olga Ponjee
  • produksje - Mels Kroon
  • kamera - Oscar Verpoort & Max Maloney
  • ljocht - Tim Kerbosch
  • production design - Joery Verweij
  • montaazje - Xander Bruins & Jeffrey De Vore
  • muzyk - Enrique Mendoza Mejía
  • VFX - Ruud Kouwenberg, Bas van Bergen, Bas Moonen, Bram Vleugel, Danielle Kempen, Stef Holtz, Vincent van der Klaauw
  • Sound Design - Dennis Kersten
  • Lûd superfyzje - Tirtsa Heuwekemeijer
  • Special Make-up - Janneke Jacobs
  • Kostúmûntwerp - Esmée Yong Hee Hollenberg
  • Haad konstruksje - Rik van Os
  • Opnamelieder - Tobias Wilbrink
  • Produksjelieder - Lucas Camps
  • Lûdsopname en -montaazje - Michiel de Boer & Wilco van Blitterswijk
  • Casting: Kemna Casting - Harm van der Sanden, Elske's Kast - Jennifer Schmidt Ferreira

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: