Olga Ponjee
Olga Ponjee (Utert, 19 oktober 1983) is in senario- en tekstskriuwster.
Olga groeide op yn Soest. Nei it slagjen foar har gymnasiumdiploma oan it Baarnsk Lyseum yn Baarn studearre Olga Ponjee psychology en filosofy oan de Universiteit fan Utert om yn 2005 oer te stappen nei de Nederlânske Film en Telefyzje Akademy, rjochting senario. Se studearre ôf mei Het mysterie van de volle maan, in pilot foar in fantasijfolle jeugdrige, en wurket sûnttiids as freelance senarioskriuwer, copywriter en scriptconsultant foar Idtv Film. Ek skreau hja mei oan it harkspul De Spin en de spylfilm "De Ontsnapping" nei it boek fan Heleen van Royen.
Neist har leafde foar film en proaza skriuwt en regissearret Ponjee sûnt 1998 foar amateurtoaniel en ferfollet sûnt 2005 in bestjoersfunksje yn in Nederlânske stichting foar eksperiminteel ymprovisaasjeteater. Se wurdt ynspirearre troch skriuwers lykas Roald Dahl, Mervyn Peake, Helga Ruebsamen en John Irving, en fierders troch de Nederlânske mytology, skiednis en folksferhalen.
Oer it libben fan har heit, komponist en saksofonist Ted Ponjee, skreau se it senario Voortjagers, dat yn 2020 bekroand waard mei de ANV-Visser-Neerlandiapriis, foar it bêste noch net ferfilme senario fan Nederlân en Flaanderen.
Ponjee wie winner fan de krystferhale-senariowedstriid NCRV/Spits/Man Bijt Hond 2006.
Wurk (Film, teater en telefyzje)
bewurkje seksje- It Skaad fan Bonifatius (15’’ live action/animaasjefilm, 2010)
- Dorestêd, 1493 ( 120 toaniel, yn ûntwikkeling,)
- De Vloer op (ymprovisaasjeopdrachten, 2009)
- Dr. Frankenstein's Match-o-tron ( Online game, 2008)
- Het Mystery van de Volle Maan (ôfstudearfilm, 2008)
- Rigor Mortis (10’’)
- Verboden Vruchten (10’’ film)
- Luca Erikson (5’’, 2007)
- De Glorie van Altenstadt (120’’ toaniel)
- Papieren Vleugels (5’’, 2006)
- De Zelfmoordterrorist' (koart ferhaal)
- De Man van La Mancha (90’’ musical)
- De Spoken van Utrecht (audio/dia 10’’)
Bibliografy
bewurkje seksje- Het verdronken land [1] - útjouwerij Letterrijn (2018) ISBN 9789491875700
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |