Helga Margot Erika Ruebsamen (Batavia, Weltevreden (Nederlânsk-Ynje), 4 septimber 1934 - De Haach, 8 novimber 2016) wie in Nederlânsk auteur fan romans, koarte ferhalen en kollumns.

Helga Ruebsamen
skriuwer
Helga Ruebsamen yn 2011
Helga Ruebsamen yn 2011
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 4 septimber 1934
berteplak Batavia
stoarn 8 novimber 2016
stjerplak De Haach
wurk
taal Nederlânsk
bekendste
  wurk(en)
Op Scheveningen, Het lied en de waarheid
jierren aktyf 1963 - 2016

Libben en wurk

bewurkje seksje

Ruebsamen wie de dochter fan in Dútske heit en in Nederlânske mem. Har ierste jeugd brocht se yn Nederlânsk-Ynje troch. Yn Den Haach gie se nei it Maerlant-Lyceum, wêrnei 't se nei Parys ôfsette en dêr balletlessen by Olga Preobrazjenskaja folge. Op har sânde begûn se mei skriuwen. Oan publisearjen tocht se net, mar doe 't har earste man Serein Pfeiffer ein jierren fyftich bûten har meiwitten inkelde ferhalen ynstjoerde foar de Reina Prinsen Geerligspriis waard se bekroand mei de oanmoedigingspriis. Dochs duorre it noch fiif jier, oant 1963, foardat se har debút De kameleon en andre verhalen ferskine liet. Dêrnei ferskynden twa romans en wer in ferhalebondel, wêrnei 't in stilte fan fyftjin jier folge, wêryn 't se wol skriuwen bleau mar neat publisearre.

De fiif fleurige ferhalen út Op Scheveningen spylje har allegear yn De Haach ôf. Feestfierend geane de personaazjes de goate en har ûndergong temjitte. Kroegen en bordelen foarmje it dekôr. Fan it ferhaal De meisjes uit Marlot waarden tweintich ferzjes makke. Dêr blykt in perfeksjonistyske ynstelling út te dy 't ek tekenjend is foar de troch har bewûndere Willem Elsschot. [1]

Yn de foar foar in part autobiografyske roman Het lied en de waarheid, dy't de F. Bordewijkpriis wûn, skreau se dat har heit in Joadske dokter wie en ûnder de Twadde Wrâldoarloch ûnder de Dútske besetting ûnder de Joadenferfolging te lijen hân hie, mar dat die bliken net wier te wêzen. Har âlden wiene net Joaden, sy ek net. [2]

Yn har wurk set se har ôf tsjin it boargerdom en lit hja in foarkar foar de selskant fan it libben sjen. Har wurk is oerset yn it Dútsk, Ingelsk en Frânsk. Se wie ek aktyf as kollumniste yn de Volkskrant.

Helga Ruebsamen wie troud mei de trompettist Serein Pfeiffer en mei de âld-Ingelânfarder Kas de Graaf. Se ferstoar yn de âldens fan 82 jier yn De Haach. [3]

  • De kameleon (1964)
  • De heksenvriend (1966)
  • Wonderolie (1970)
  • De ondergang van Makarov (1971)
  • Op Scheveningen (1988)
  • Pasdame (1988)
  • Olijfje en andere verhalen (1989)
  • De dansende kater (1992)
  • Alleen met Internet (1996, mei Rogi Wieg)
  • Het lied en de waarheid (1997)
  • Beer is terug (1999)
  • De bevrijding (1999)
  • Jonge liefde en oud zeer : de verhalen (diel 1, 2001)
  • Jonge liefde en oud zeer : de verhalen (diel 2, 2001)
  • Zoet en zondig : de mooiste verhalen uit Indonesië (2003)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Raat (1998), s. 729
  2. De waarheid en het lied, Leidsch Dagblad, 28 maaie 2005
  3. Schrijfster Helga Ruebsamen (82) overleden, Algemeen Dagblad, 8 novimber 2016