Ingelânfarder
Ingelânfarders (Engelandvaarder) wie de oantsjutting fan minsken dy't yn de Twadde Wrâldoarloch út beset gebiet nei Ingelân (of in oar Allieard gebiet) ûntkamen om harren by de Alliearden oan te sluten en sa fierder te fjochtsjen tsjint de Assteaten (Dútslân, Italië en Japan). Dat barde yn de perioade tusken de kapitulaasje fan Nederlân op 15 maaie 1940 en de Alliearde ynvaazje yn Normandje op 6 juny 1944 (D-Day).
July 1940 ûnkamen trije manlju yn in lytse boat út beset Nederlân troch de Noardsee oer te stekken nei Ingelân. Sy waarden "Engelandvaarders" nemd. Dêrnei slagge it mear Nederlanners om Ingelân te berikken, net allinne oer see, mar ek mei in fleanmasine en oer lân fia de neutrale lannen Switserlân, Portugal, Spanje en Sweden.
Goed 1.700 [1]Nederlânske manlju en froulju slagge it en reizgje nei Ingelân of in oar Allieard lân; 332 giene it leger (Prinses Irene Brigade) yn, 118 by de loftmacht, 397 by de marine, 176 bedarren by it KNYL, 164 by de keapfardij, 111 waarden geheim agint en 129 tsjinnen by it Nederlânsk regear om utens yn Londen. Ik krekte tal Ingelânfarders is oars net bekend.
Lykwols helle in grut tal minsken Ingelân net, waarden ûndeweis deadien of arrestearre. Guon waarden fusillieare, mar de measten kamen yn in konsintraasjekamp te lâne. Guon koene út finzenskip ûntsnappe, lykas Bram van der Stok, de meast súksesfolle Nederlânske jachtfleander yn de Twadde Wrâldoarloch, dy't mei Bodo Sandberg en fjouwer oare Ingelânfarders út it kriichsfinzenekamp Stalag Luft III yn de stellen auto fan de kampkommandant ûntkamen. In protte oaren waarden deportearre nei konsintraaskekampen dêr't mar in hantsjefol fan nei de befrijding werom yn Nederlân kamen.
Nei't sy by oankomst ferhoard wiene yn de Patriotic School, waarden de Ingelânfarders nei Londen brocht. In protte Ingelânfarders waarden ûnderskieden mei it Brûnzen Krús (BK) of it Krús fan Fertsjinst (KV) troch keningin Wilhelmina.
Museum Ingelânfarders
bewurkje seksjeOp 4 septimber 2015 iepene kening Willem-Alexander it Museum Engelandvaarders yn Noardwyk ta oantins fan de Ingelânfarders. It museum húsmannet yn in eardere munysjebunker fan it Atlantikwall-kompleks oan de Boskwei.
Fierder lêze
bewurkje seksje- A.M.F. Dessing: Tulpen voor Wilhelmina. Proefskrift Universiteit Amsterdam. ISBN 9035126408 (2004).
- Jan Bruin en Jan van der Werff: Vrijheid achter de horizon. Engelandvaart over de Noordzee 1940/1945. ISBN 90 410 05943 (1998)
- Frank Visser: De Schakel, de geschiedenis van de Engelandvaarders, ISBN 90 235 8094 X. (1976)
- Geschiedkundige Vereniging Die Haghe Jaarboek 2011. Verraad in Scheveningen Piet Spaans. S.112 e.f. ISSN 0923-2931 (2011)
- Maarten Cieremans "De ene voet voor de andere, Verhaal van een Engelandvaarder die geheim agent werd." ISBN 90 261 0697 1. (1994)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|