De Slykwurker
De Slykwurker is in brûnzen byld út 1983, makke troch Frans Ram dat op de seedyk by de buorskip Swarte Hoarne stiet.
'De Slykwurker' wol de manlju earje dy't yn 1505 de Alde Bildtdyk, mei allinnich bots en kroade, opsmiten hawwe. Dy 4000 Siuwske roeden (± 14,5 km) lange dyk waard yn ien jier oanlein (en net yn trije jier sa't op de plakette neist it byld stiet).
Op de sokkel fan it byld stiet yn it Biltsk: "Hier op 'e Wadden, / wereld fan water en slik, / won hij lánd út see, / in weer en wyn / skep foor skep monnikewerk."
Ungemak
bewurkje seksjeOp 23 juny 2015 seach men dat de Slykwurker fuort wie. Neffens Wetterskip Fryslân waard it byld troch harren wurkers fan 'e sokkel riden tidens freeswurksumheden, wêrnei't it tydlik ferpleatst is nei in loads. De keunstner dy't it byld makke hat, Frans Ram, sil it byld ek werstelle.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |