De Stampers

Fryske twamansband

De Stampers wie in band út Fryslân.

Twamansband De Stampers bestie út de neven Albert de Hey (1942) op elektroanysk oargel en Marten (Merten) ten Boom (Ouster-Nijegea, 22 febrewaris 1950) op drums. Albert kaam fan It Hearrenfean en de bril dragende Marten kaam fan De Jouwer.

De Stampers waarden oprjochte yn 1971. De band spile op brulloften en feesten.

Marten ten Booom spile foar de tiid by orkest The Goldfingers en foel wolris yn by syn bruorren Spic en Span. Albert spile earst by The Starfighters' en letter by Duo Klik Klak.

Yn 2024 kaam harren âlde súksesnûmer 'k Ha leaver in Bearnburchje nij binnen op nûmer 70 fan de Fryske Top 100.

  • Ik ben weer de sigaar / Haak eens lekker in (1977, Philips 6075 040)
  • De boeretrien / De boppeslach (1977, Philips 6075 017) [A: De Stampers / B: Ben Mol]
  • Ik ben weer de sigaar / Haak es lekker in (1980, Telstar 2949)
  • In De Zwarte Haan / In de lunchroom (1980, Boppeslach BP 18)
Mei oaren
  • Fryske toppers 3 (Frigram FGMC 742)
  • 16 Hits voor luisteraars en amateurs, lp (1980, Philips 6423 358)
  • Fryske toppers om 'e toer lp (1981, FriBorg RCS 483)
  • Ald en nij fan Fryske grûn (2 lp Philips 6624 054)
  • Toppers út Fryslân 1 cd (1993, Frigram FGCD 522)
  • Toppers ut Fryslân 2 cd (1994, Frigram FGCD 533)