De Stins
De Stins wie in Stifting fan kluphuzen foar ûnorganisearre arbeidersjeugd. De stifting waard yn 1948 oprjochte benammen troch de Ljouwerter Mienskip.
Troch frijwillige bydragen by iepenbiere fermaaklikheden moast in fûns foarme wurde, ûnder oare foar it massajeugdwurk. It kluphûs De Stins yn Ljouwert waard 6 maaie 1950 iepene. Der waard ûnder oare groepswurk foar jeugd fan 8-21 dien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|