Tegenwoordige Staat van Friesland

De Tegenwoordige Staat van Friesland is in part fan it sammelwurk yn 44 dielen Hedendaagsche historie, of Tegenwoordige Staat van alle volkeren.... Utjouwer fan it wurk wie Isaak Tirion (± 1705-1765) te Amsterdam fan 1729 oant 1803. Fryslân wurdt yn de dielen 23 oant 26 behannele (útjûn yn 1785-1788).

Der wurdt oannommen dat ûnder oaren S. Stijl en A.J. Conradi (beide fan Harns) ynformaasje ynbrocht hawwe. Njonken in algemiene en ek sosjaal-ekonomyske beskriuwing jout it wurk in wiidweidige beskriuwing fan gritenijen en stêden. Teffens hat it wurk in pear kaarten en gravueres.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Tegenwoordige Staat van Friesland.