De Deademanskisten is in dúnmarke yn de bosk noardwestlik fan it doarp West-Skylge: sa`n 300 meter lang en 100 meter breed.

Deademanskisten (2021)
19e-iuwske boskwachterswenning ûnder twa sealdakken tusken topgevels oan Bûten de Kom

De langhalige foarm fan Deademanskisten yn kombinaasje mei de súdwestnoardeastlike lizzing, dy't oerienkomt mei de westsúdwest wynrjochting dy't ek de jongste dunen op Skylge foarme hat, wize mooglik op in ûntstean as dúnmarke. By hege wetterstannen, wetteret Deademanskisten fia in slinkje troch de dunen ôf op it Griene Strân, wêrnei't it swiete wetter úteinlik yn de sâlte Waadsee rint. Oer de namme bestiet gjin wissigens. Ien fan de ferhalen dy't de namme ferklearje kin, seit dat 'doodemans' (koarte, dikke, woarstfoarmige bosken riis) brûkt waarden as bekisting dy't de leechte yn de dunen fan de see ôfslute moasten yn de tiid dat it Griene Strân noch it wite strân wie en de dunen dêr bylâns de seereep foarmen. As soks wier is, hat der grif in iepen ferbining mei de see west.

It marke bestiet op syn minsten sûnt 1769. Yn oktober fan dat jier waarden nammentlik tweintich strânpeallen setten, de earste justjes bewesten fan Deademanskisten, een plaats in duin, alzo genaamd, doordat in vroeger tijd een vloot koopvaardijschepen in de haven Maklijk Oud quarantaine liggende, de doden op die schepen stervende, aldaar begraven. Tsjintwurdich stiet de bebouwing ticht by it marke, sadat it maklik te berikken en te finen is. Mei it eardere boskwachtershúske foarmet it in rêstich plak yn de bosk. Yn it gebiet sitte in soad wetterfûgels, benammen einen. Midden yn it marke lizze twa, ek mei beammen begroeide, eilantsjes, dy't net berikber binne. Winterdeis mei snie en iis, is it dúnmarke it domein fan iisclub Noardpoal fan West-Skylge.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: